Springe nei ynhâld

Brouwerij Gudzekop

Ut Wikipedy

Brouwerij Gudzekop is in brouwerijhierder yn it doarp Goaiïngaryp en is oprjochte yn 2018 troch de brouwers Herbert Nijp, Dietmar Laske en Paul Bijlsma. Gudzekop brout CRAFT-bieren yn lytse oplage.

De brouwerij is ferneamd nei it farwetter Gudzekop, dat tusken de Goaiïngarypster Puollen en de Langsturtepoel leit.

Alle bieren ha in nautysk tema krige. It earste bier is de Opsteker, in swier blond bier mei in frisse en krûdige smaak. Opsteker is earst yn in batch fan 200 liter broud by Brouwerij Jovius yn Nieuwegein en frij gau dêrnei yn 2.000 liter by Bax Bier yn Grins. Dêrnei hawwe de brouwers de oerstap makke nei Tsjerkebier yn Easterwierrum, dêr 't se sels al har bieren brouwe.

De alderearste broubatches waarden finansiere troch crowdfunding. Dêrnei waarden de bieren mei eigen middels betelle.

De resepten komme fan de brouwers út Goaiïngaryp en binne op lytse skaal lokaal ûntwikkele. Foar it kommersjeel brouwen binne dizze resepten opskaald en wurdt der yn earste ynstânsje broud mei brouwerijferhierders yn de regio. Gudzekop hat as stribjen om binnen sa koart mooglike tiid folslein biologysk sertifisearre bier oanbiede te kinnen. Dêrneist is der de dream om yn Goaiïngaryp of omkriten in eigen brouwerij te starten.

It skûtsje Hoop op Zegen wurdt ûnder it farren brûkt as proeflokaal.

Herbert Nijp en Paul Bijlsma binne net mear aktyf by de brouwerij. Trea Aldershof is kompanjon wurden fan Dietmar Laske.

De bieren fan Gudzekop kinne online besteld wurde.

  • Voor de Wind - session witbier (sulveren priis World Beer Awards 2023)
  • Opsteker - Blond
  • Overzees - American Pale Ale
  • Opgedirkt - Frambozen Weizen (twa kear goud World Beer Trophy 2023)
  • Recht Door Zee - RIPA
  • Op de Helling - Dubbelbok
  • Twee Ankers - Dubbel
  • Volle Laag Sûkerbôle - Tripel (earste priis European Beer Challenge 2021 en tredde priis World Beer Awards 2023)
  • Volle Laag Fryske Dúmkes - Tripel (earste priis European Beer Challenge 2022)
  • Ruimschoots - Quadrupel
  • Recht door Zee - rogge IPA mei Frysk roggebrea (earste priis European Beer Challenge 2023)
  • De Rode Boei - red ale mei oranjekoeke (trije kear goud World Beer Trophy 2023)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]