Springe nei ynhâld

Roggebrea

Ut Wikipedy
Frysk brea mei âlde tsiis

Roggebrea of koartwei brea is in produkt dat makke wurdt fan bakt daai. It daai bestiet út rogge, wetter, sâlt en enzymen. Roggebrea is ferskriklik foedsam en leveret 15 persint fan de oanrette deistige mannichte oan rizel en izer. Boppedat is roggebrea, troch it grutte tal oan rizels, goed foar de trochgong.

Roggebrea wurdt benammen makke en iten yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Ek yn Noard-Brabân wurdt it iten. Bûten Nederlân wurdt it in protte iten yn Dútslân.

Oer it algemien binne der trije soarten roggebrea te ûnderskieden: Frysk roggebrea, dat in protte op it Dútske Pumpernickel liket, Geldersk roggebrea en Brabânsk roggebrea. Frysk roggebrea wurdt makke fan brutsen roggekerrels, wylst Brabânsk roggebrea fan mealde rogge makke wurdt.

'Gewoane' bôle en roggebrea wurdte op ferskate manearen makke. Roggebrea wurdt by in lege temperatuer lang bakt. Brabânsk roggebrea stiet sa'n oardel oant twaenheal oere yn de oven, Fryske roggebrea wol 15 ta 20 oeren. It grutte ferskil hat te krijen mei de fochtigens fan it daai.

Roggebrea wurdt wol betsjinne yn fjouwerkante partsjes mei stikken hjerring derop. Ek wurdt der wol bûter, bûter mei brune sûker, tsiis, spek mei moster en rizel op it brea dien.