Springe nei ynhâld

Gudzekop

Ut Wikipedy

De Gudzekop is in marke op 'e grins fan 'e gemeenten Súdwest-Fryslân (foarh. Wymbritseradiel) en De Fryske Marren (foarh. Skarsterlân). De Gudzekop stiet oan de eastkant yn ferbining mei de Goaiïngarypster Puollen; it is it wetter dat oan de súdein fan de puollen nei it súdwesten rint. Oan de westkant stiet it wetter fia de Frijgerssleat yn ferbining mei de Langsturtepoel.

De namme Gudzekop jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Gudsekop.