Springe nei ynhâld

Mienebest fan Naasjes

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Britsk Mienebest)
Tsjintwurdige (blau) en eardere (giel) lidsteaten fan it Britske Mienebest

Mienebest fan Naasjes ek wol Britske Mienebest (Commonwealth of Nations) neamd, omfiemet it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân mei harren ôfhinklike gebieten (û.m. protektoraten) en in oantal selsstannige steaten dy't foarhinne in koloniale of oare ôfhinklike relaasje mei Grut-Brittanje hienen en letter ûnôfhinklik wurden binne, mar út eigen wil keazen hawwe om de Mienbestbân mei it eardere memmelân te hanthavenjen.

It Mienebest telt goed 30 lidsteaten, hjirta hearre û.m. Kanada, Austraalje, Nij-Seelân, Yndia, Gana, Nigeria, Syprus, Tanzania, Banglades, Kenia en Guyana. Elts lid hat it rjocht op elk momint út te treden. Mienskiplike gesachsorganisaasjes hat it Mienebest net, wol komme de regearingslieders geregeldwei byinoar.

Yn 1931 kaam it Mienebest ta stân. Syn wichtichste en praktyske betsjutting ûntlient it oan de preferinsjele ynfierrjochten dy't de leden inoar takenne. Fierders bestiet der op it mêd fan ekonomy, technyk en wittenskip gearwurking.