Bridei III fan de Pikten

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Bridei III)
Jump to navigation Jump to search
Bridei III
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
echte namme Bridei mac Beli
nasjonaliteit Piktysk
bertedatum 616 oant 628
berteplak ûnbekend (Skotlân?)
stjerdatum 693
stjerplak yn Skotlân
etnisiteit Piktysk
kening fan de Pikten
regear 672693
foargonger Drest IV
opfolger Taran

Bridei III (eins: Bridei mac Beli, Aldiersk: Bruide mac Bili; mooglik yn Skotlân, 616 oant 628 – yn Skotlân, 693) wie kening fan 'e Pikten yn it hjoeddeistige Skotlân fan 672 oant 693. Hy wie sterk dreaun ta útwreiding fan syn ryk en focht bloedige konflikten út mei de Orkadiërs en de Gaëlen fan Dalriada. Syn meast ferneamde wapenfeit wie syn oerwinning op it Angelsaksyske keninkryk Noardumbrje yn 'e Slach by Dun Nechtain.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is mooglik dat Bridei al yn 616 berne waard, mar yn elts gefal kin er net letter berne wêze as 628. Oer syn berteplak is neat bekend, al kin dat mooglik ôflaat wurde út it feit dat er de soan wie fan Beli I, in kening fan Strathclyde yn wat no de krite fan 'e stêd Glasgow is, oan 'e Skotske súdwestkust. Syn oanspraken op it keningskip fan 'e Pikten wiene basearre op syn ôfstamming fan 'e Piktyske kening Nechtan II, dy't regearre fan 595 oant 616, en dy't Bridei syn pake oan memmekant wie. Mei't de skiedskriuwer Nennius yn syn Historia Brittonum úthâldt dat Bridei de fratruelis (d.w.s. folle neef oan memmekant) wie fan kening Egfryd fan Noardumbrje, moat syn mem wierskynlik in dochter fan kening Edwin fan Noardumbrje west hawwe.

Bridei kaam yn 672 op 'e Piktyske troan, doe't er tusken de 65 en 77 jier âld wie. Hy wie ien fan 'e aktivere monargen fan it Piktyske keninkryk Fortriû, en teffens ien dy't mear as de measten oerjûn wie oan 'e driuw ta útwreiding fan syn domein. Yn 680 of 681 died er in wraam op it Kastiel fan Dunnottar, en yn 682 gied er op fjildtocht tsjin it mindere Piktyske keninkryk fan 'e Orkney-eilannen. Dêrby rjochte er sa'n ferwuostging oan dat de Annalen fan Ulster seine dat de Orkney-eilannen troch him weifage wiene (Orcades deletae sunt la Bruide).

De ôfbylding fan in fjildslach op 'e Piktyske Stien fan Aberlemno, wêrfan't ornaris oannommen wurdt dat it de Slach by Dun Nechtain foarstelt. (L. Pikten, rj. Noardumbriërs; ien fan 'e figueren op hynders moat mooglik Bridei foarstelle.)

It jiers dêrop, yn 683, briek der oarloch út tusken de Pikten en de oarspronklik út Ierlân ôfkomstige Gaëlen fan it keninkryk Dalriada, dy't har op 'e eilannen en skiereilannen fan 'e Skotske westkust fêstige hiene. De Gaëlen foelen ûnder harren kening Máel Dúin mac Conaill de Piktyske heuvelfêsting te Dudurn oan, yn Strathearn, dat Bridei syn wichtichste machtsbasis yn it súdlike diel fan syn ryk wie. It is net alhiel dúdlik wat der doe foarfoel, mar nei alle gedachten mislearre de oanfal, mei't Bridei koarte tiid letter in tsjinoanfal útfierde op Dunadd, de haadstêd fan Dalriada. It is net oerlevere oft de Pikten de oerwinning behellen, mar de oanwêzigens út dy tiid fan stienynskripsjes yn in dúdlik Piktyske styl yn Dunadd liket te suggerearjen dat de stêd alteast tydlik yn 'e hannen fan 'e Pikten fallen is. Troch in brekme oan betroubere boarnen is fierders ek ûndúdlik hoe't de oarloch ôfrûn is, mar út lettere foarfallen docht bliken dat Bridei syn oerhearskippij oer noardlik en sintraal Skotlân wist te konsolidearjen en de kening fan Dalriada mooglik ta syn fazal makke.

Yn elts gefal fielde Bridei him neitiid sterkernôch om it tsjin 'e Angelen op te nimmen, dy't yn dy tiid it súdeasten fan it hjoeddeiske Skotlân behearsken. It is hiel goed mooglik dat de Angelske kening Egfryd fan Noardumbrje Bridei as syn fazal beskôge, en de tradysjonele útlis fan it konflikt dat tusken harren ûntstie, is dan ek dat Bridei dy fazallebân op eigen manneboet ferbriek, mei as gefolch dat Egfryd fanwegen kaam om wat hy seach as in opstân fan syn ûnderdien de kop yn te drukken. Ien Ierske boarne wol lykwols hawwe dat Bridei "foar it beërf fan syn pake focht", wat suggerearret dat Egfryd sels kening fan 'e Pikten wurde woe, of, wierskynliker, dat Bridei gebieten yn Fife en Circinn fan Egfryd weromhawwe woe dy't yn 'e tiid fan syn pake ta it ryk fan 'e Pikten heard hiene.

Yn elts gefal kaam it tusken de Pikten en de Noardumbriërs yn 685 ta de Slach by Dun Nechtain, wêrby't de Pikten it Angelsaksyske leger fan Egfryd alhiel ferdylgen. Fan gefolgen waarden de Noardumbriërs út súdlik Piktlân ferdreaun en kamen de súdlike Piktyske gebieten wer stevich yn Piktyske hannen. Oer it lettere regear fan Bridei is suver neat oerlevere. Yn 'e Annalen fan Ulster en de Annalen fan Tigernach is syn ferstjerren fêstlein ûnder it jier 693.

Adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lettere tradysjes skriuwe in oerlevere klaachsang op 'e dea fan Bridei ta oan 'e hillige Adomnán, in abt fan Iona. De Nijseelânske skriuwster Juliet Marillier hat resint de skiednis fan Bridei popularisearre mei har trilogy de Kroniken fan Bridei, besteande út 'e romans The Dark Mirror (2004), Blade of Fortriu (2005) en The Well of Shades (2006). Yn dat totaal romantisearre ferhaal komt Bridei lykwols as jongfeint op 'e troan, en boppedat fermingt de skriuwster fantasy-eleminten lykas tsjoenderij en mytyske wêzens mei de histoaryske feiten, sadat de Bridei út har boeken eins alhiel net liket op 'e histoaryske persoan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.