Springe nei ynhâld

Brandenburg an der Havel

Ut Wikipedy
Brandenburg an der Havel
Domtsjerke.
Domtsjerke.
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Brandenburch
Stedsyndieling 8 Stadtteile, 8 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 73.921 (31.12.2023)
Oerflak 229,72 km²
Befolkingsticht. 322 ynw./km²
Hichte 32 m
Oar
Postkoade 14770–14776
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 24'N 12° 33'E
Offisjele webside
www.stadt-brandenburg.de
Kaart
Brandenburg an der Havel (Brandenburch)
Brandenburg an der Havel

Brandenburg an der Havel (Nedersaksysk: Brannenborg an de Havel; Brandenburch oan 'e Havel) is in kreisfreie Stadt yn 'e Dútske dielsteat Brandenburch. De stêd hat likernôch 74.000 ynwenners (2023) op in oerflak fan 230 km².

Brandenburch oan 'e Havel is it âldste plak yn 'e regio. Oarspronklik bewennen Germanen de krite, mar yn 'e 6e iuw waard dêr op in eilân in Slavysk kastiel stifte. Sûnt de 9e iuw wie dat de haadsit fan 'e Hevellers. It plak waard yn 928 oermastere troch Hindrik I, mar de Slaven feroveren it plak mei de opstân fan 983 werom. Albrecht de Bear foege it yn 1150-1157 definityf by it Hillige Roomske Ryk.

Al ûnder de lêste al kristlike foarst Pribislaw fan 'e Hevellers waard útein set mei de bou fan in oan Petrus wijde kapel, de lettere domtsjerke. Al gau nei de oermastering fan it plak troch Albrecht de Bear ûnstiene delsettings op trije eilannen: it eilân mei it kastiel (it lettere domeilân), Altstadt en Neustadt. De Premonstratinzers fêstigen harren yn 1165 op it kastieleilân en begûnen noch yn itselde jier mei de bou fan 'e domtsjerke. Tsjin 'e ein fan 'e 12e iuw waard planmjittich súd fan 'e Altstadt de Neustadt mei de Katarinatsjerke (Katharinenkirche ) oanlein. Altstadt en Neustadt waarden apart fan in oar mei muorren omfieme en wiene doe noch twa selsstannige gemeenten.

Dominikaner Pauluskleaster.

Yn Altstadt stiften de Fransiskanen nei 1234 it Jehanneskleaster, wylst de Dominikanen yn 1286 it merkgrevelike slot krigen om dêr harren kleaster Sint-Paulus te bouwen. As haadstêd fan it merkgreefskip Brandenburch en as biskopssit en as hannelsstêd oer lange ôfstannen foarmen Altstadt en Neustadt yn 'e midsiuwen it ûnbetwiste sintrum tusken de Elbe en Oder.

Yn 1525 ferliende Joachim I fan Brandenburg de stêd offisjeel de titel Chur- und Hauptstadt fan 'e mark Brandenburg. Yn 'e folchoarder fan belangrikens fan 'e Brandenburger stêden dielden Altstadt en Neustadt it earste plak, dêrnei pas Berlyn. Yn 'e rin fan 'e tiid ferlear Brandenburg oan betsjutting mei't Berlyn yn betsjutting tanaam.

De stêd yn 1700.

Yn 1715 waarden yn opdracht fan Freark Willem I fan Prusen Altstadt en Neustadt gearfoege ta ien stêd. Yn 1928 waard ek it Domeilân by Brandenburg an der Havel weryndield.

Yn 'e jierren 1933-1934 waard yn 'e Neuendorfer Straße (Altstadt) ien fan 'e earste konsintraasjekampen fan it Tredde Ryk stifte. Nei't dat kamp sletten waard, brûkten de nazy's de Brandenburg-Görden finzenis yn Görden bûten stêd. Letter waard dy finzenis it Eutanasysintrum fan Brandenburch, dêr't de nazy's minsken mei psychyske stoarnissen fermoarden. Dat program waard letter bekend as Aktion T4. Brandenburg an der Havel wie ien fan 'e earste lokaasjes yn Nazy-Dútslân dêr't ekperimintearre waard mei it fermoardzjen fan minsken mei gas.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • It riedshûs fan Altstadt is in bakstiennen letgoatysk bouwurk út 1470-1480 mei trepgevels en in moai portaal. Foar it riedshûs stiet in 5,35 m heech sânstiennen byld fan Roland út 1474, dat de ûnôfhinklikens fan 'e stêd symbolisearret.
  • De yn 'e jierren 1165-1240 boude Petrus en Paulusdom op it Domeilân is in trijeskippige pylderbasilyk mei in dwersskip, koer en westlike toer. De bou sette yn 'e romaanske tiid útein en de foltôging wie goatyske styl yn 'e 14e iuw. Tusken 1377 oant healwei de 15e iuw waard de tsjerke ferhege en binne der ferwulften ynbrocht.
  • De Sint-Godehardustsjerke is in baksstiennen halletsjerke út de jierren 1456-1475.
  • De Katarinatsjerke (Katarinenkirche) is in trijeskippige, 15e-iuwske halletsjerke yn Neustadt mei in koeromgong en netferwulften.
  • De yn 1340 foltôge Dominikanertsjerke is in halletsjerke.
  • De Sint-Nikolaastsjerke is in rommanske pylderbasilyk út de jierren 1170-1250.
  • Fan 'e eardere fêstingwurken binne stikken fan 'e stedsmuorren bewarre bleaun. Yn 'e Altstadt binne de tuorren fan 'e Rathenower- en Plauerpoarte oerbleaun. Yn 'e Neustadt binne de Mûnepoarte en de Stienpoarte bewarre bleaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes: de:Brandenburg an der Havel