Brabânske Kompanjy

Ut Wikipedy

De Brabânske Kompanjy (Brabantsche Compagnie as Nieuwe Brabantsche Compagnie), wie ien fan de foarrinners fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy (VOC), in saneamde foarkompanjy.

De Brabânske Kompanjy waard 1599 oprjochte, ûnder oaren troch Isaac le Maire, Jacques de Velaer, Hans Hunger, Marcus de Vogelaer en Gerard Reynst, keaplju en reders út Amsterdam. Meidat in grut part fan de ynskriuwers út de Sudlike Nederlannen kaam, dy't yn Amsterdam allegear Brabanner hieten, waard de namme fan de ûndernimming Brabantsche Compagnie.[1]

It doel wie om mei Sina te hanneljen. De kompanjy frege de Steaten-Generaal om tastimming foar fjouwer seereizen mei fjouwer oant acht skippen. Sy krigen tastimming foar twa reizen, mitsdat yndie allinne op Sina fard wurde soe. Oars soe de konsesje ynlutsen wurde. De Steaten fan Hollân en West-Fryslân wiene it mei dat beslút iens.[2]

Yn 1599 waard mei fjouwer skippen út ein set, laat fan Pieter Both. Yn Sultanaat Bantam (noardwestlik Java) moeten se Steven van der Haghen en Jacob Wilkens dy't by de Alde Kompanjy tsjinnen. De skippers sleaten in ferbûn om meiïoar yn te keapjen en sadwaande de priis leech te hâlden.

Yn 1600 gie de Brabantsche Compagnie mei de Compagnie van Verre oer yn de Eerste Vereenigde Compagnie op Oost-Indië tot Amsterdam. Dy makke ien seereis en gie yn 1602 mei de kompanjyenn fan Rotterdam, West-Fryslân en Seelân oer yn de VOC.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Engelbrecht, W.A. en Herwerden, Dr. P.J. van (1945) De ontdekkingsreis van Jacob Le Maire en Willem Cornelisz. Schouten in de jaren 1615 - 1617,, Diel 2 De Linschoten-Vereeniging XLIX (2). Martinus Nijhoff, De Haach, s. 3
  2. Engelbrecht, W.A. en Herwerden, Dr. P.J. van (1945), s. 3