Brêge Spannenburch
Appearance
Brêge Spannenburch is in baskulebrêge oer it Prinses Margrietkanaal by Spannenburch, dy't yn 1952 iepensteld waard foar ferkear.
De brêge sit yn de N354 (tusken de A6 en Snits). Oan de eastside leit in krusing mei de N927 nei Sint Nyk. Oan de westside in krusing mei de wei rjochting Sleat.
It fêste gedielte fan dizze brêge hat in trochfearthichte fan 7,05 meter. De trochfeartbreedte fan it beweechbere diel is 12 meter.