Bouwe Harkema
Bouwe Harkeme, ek: Buvo Harckema wie in rike ealman fan Stynsgea. It lettere heidedoarp De Harkema is nei him neamd.
Bouwe hie yn 1249 op syn eigen lân, de biskop fan Múnster knypte in eachje ticht, in kapel ta eare fan de Hillige Niklaas fan Myra stifte. Hy wie ek ryk genôch om in preester te ûnderhâlden. Doe't hy letter seach dat syn broer Gerke it muontsekleaster ‘Jerusalim’ stifte hie, woe hy dat ek. Mei fergunning fan de abt fan Mariëngaard, hat hy in stik of wat fromme nonnen út it Premonstreiterkleaster Bethelem komme litten en yn syn kleaster ûnderbrocht.
Op 24 septimber 1252 waard de kleastertsjerke by Droegeham, wijd oan de evangelist Jehannes, yn opdracht fan biskop Otto fan Lippe fan Múnster, ynwijd troch biskop Wilhelm Taronensis. Offisjeel hjitte it kleaster "Sepulchro Sanctae Mariae" wat Latyn foar "Grêf fan de Hillige Marije" is, mar yn de folksmûle gewoan it 'Buwekleaster' wie. It kleaster is wierskynlik om 1580 yn de Tachtichjierrige Oarloch ferwoaste. Op it stee leit no in begraafplak mei in klokkestoel.