Boskeinen

Ut Wikipedy
boskeinen
Jerkjes fan 'e mandarynein (lofts) en de Karolina-ein (rjochts).
Jerkjes fan 'e mandarynein (lofts) en de Karolina-ein (rjochts).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift: goeseftigen (Anseriformes)
ûnderskift: echte goeseftigen (Anseres)
boppefamylje: goesfûgels (Anatoidea)
famylje: einfûgels (Anatidae)
ûnderfamylje: echte einfûgels (Anatinae)
skaai: boskeinen (Aix)
Boie, 1828
Soarten
Aix sponsa
Aix galericulata

Boskeinen (Aix) foarmje in fûgelskaai út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae).

It skaai bestiet út twa soarten: de mandarynein en de Karolina-ein. De manadarynein komt oarspronklik út it easten fan Aazje, de Karolina-ein út Noard-Amearika. Der bestiet in grutte ôfstân yn it ferspriedingsgebiet fan 'e twa soarten, mar de twa einen binne dochs oan inoar besibbe.

Mei't de mandarynein en de Karolina-ein yn Europa populêre fûgels binne om te hâlden en der yn it ferline guon útpykten, binne de soarten yntusken ferwyldere en ûnstiene der lytse, lokaal foarkommende Europeeske populaasjes. Dat jildt lykwols folle mear foar de mandarynein en minder foar de Karolina-ein.

Jerk ♂ Wyfke ♀ Wittenskiplike
namme
Fryske
namme
Status
Aix sponsa Karolina-ein net bedrige
Aix galericulata mandarynein net bedrige
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aix fan Wikimedia Commons.