Boonsong Lekagul

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Boonsong Lekagul
persoanlike bysûnderheden
echte namme Boonsong Lekagul
(บุญส่ง เลขะกุล)
nasjonaliteit Flag of Thailand.svg Taisk
berne 15 desimber 1907
berteplak Songkhla (Tailân)
stoarn 9 febrewaris 1992
stjerplak Bangkok (Tailân)
etnisiteit Flag of Thailand.svg Taisk
wurkpaad
berop/amt medikus, biolooch
aktyf as natoerbeskermer, soölooch,
ornitolooch, entomolooch,
herpetolooch, publisist
jierren aktyf 19331992
bekendste
  wurk(en)
Bird Guide of Thailand
Mammals of Thailand

Boonsong Lekagul (Taisk: บุญส่ง เลขะกุล; Songkhla, 15 desimber 1907Bangkok, 9 febrewaris 1992) wie in Taisk medikus, biolooch en publisist, dy't ferneamd waard troch syn krewearjen om 'e natoer fan syn heitelân te beskermjen.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boonsong waard yn 1907 berne yn 'e stêd Songkhla, yn it uterste suden fan Tailân, net fier benoarden de Maleizyske grins. Hy learde foar dokter oan 'e Chulalongkorn Universiteit yn 'e Taiske haadstêd Bangkok, dêr't er yn 1933 ôfstudearre. Yn 1935 rjochte er yn Bangkok de earste poliklinyk fan Tailân op.

Hoewol't er yn 't earstoan in entûsjast jager wie, ûntjoech Boonsong him ta in wisberet natoerbeskermer doe't er seach hoe't de Taiske oerwâlden ferrinnewearre en fragmintearre rekken en de fauna yn 'e ferdrukking kaam. Yn 1952 stifte er de Taiske Feriening foar it Behâld fan it Wylde Dierte. Healwei de fyftiger jierren sette er him yn foar de oprjochting fan in fûgelreservaat oan 'e igge fan 'e rivier de Chao Phraya, om it iennichste nêstplak yn Tailân fan 'e Yndyske gapper, in soarte fan earrebarre, te beskermjen.

Fierders stifte Boonsong yn 1962 de Fûgeldersklub fan Bangkok, dêr't yn 1993 it Fûgelbeskermingsgenoatskip fan Tailân út fuorkaam. Hy wurke oan ferskate projekten gear mei it Ynternasjonaal Komitee foar de Fûgelbeskerming en mei it Wrâldnatoerfûns. Yn 1980 krige Boonsong út 'e hannen fan prins Bernhard de Oarder fan 'e Gouden Ark opspjelde, de heechste Nederlânske ûnderskieding op it mêd fan natoerbeskerming. Ek waard er yn 1974 beneamd ta kommandeur yn 'e (Taiske) Oarder fan de Wite Oaljefant, en ûntfong er eardoktoraten fan 'e Chulalongkorn Universiteit en de Kasetsart Universiteit, beide yn Bangkok.

Fierder waarden der ferskate nije bistesoarten en -ûndersoarten nei him neamd, wêrûnder de grutte Aziatyske rûnblêdflearmûs (Hipposideros lekaguli), de boonsongkylrêch (Opisthotropis boonsongi), in soarte fan slange, en de ûndersoarte C. f. boonsongi fan it finlaysoniikhoarntsje (Callosciurus finlaysonii). Boonsong kaam yn 1992 yn Bangkok yn 'e âlderdom fan 85 jier te ferstjerren.

Wurk (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1968 – Bird Guide of Thailand (werútjûn yn 1974)
  • 1969 – Monitors (Varanus) of Thailand (yn Conservation News of S.E. Asia)
  • 1977 – Fieldguide to the Butterflies of Thailand (mei Karen Askins, Jarujinta Nabhitabhata en Aroon Samruadit)
  • 1977 – Mammals of Thailand (mei Jeffrey A. McNeely)
  • 1991 – A Guide to the Birds of Thailand (mei Philip D. Round

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.