Springe nei ynhâld

Bonifatiuskirche (Wiesbaden)

Ut Wikipedy
Bonifatiustsjerke
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
plak Wiesbaden
adres Luisenstraße 33, 65185 Wiesbaden
koördinaten 50° 4' N 8° 14' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Limburch
patroanhillige Bonifatius
Arsjitektuer
arsjitekt Philipp Hoffmann
boujier 1844-1849
Webside
Side parochy
Kaart
Bonifatiuskirche (Hessen)
Bonifatiuskirche

De Bonifatiuskirche (Bonifatiustsjerke) oan de Luisenplatz is de wichtichste en âldste katolike tsjerke yn de Dútske stêd Wiesbaden (Hessen). De oan Bonifatius wijde tsjerke waard yn de jierren 1844-1849 troch Philipp Hoffmann boud as in neogoatyske, trijeskippige halletsjerke. Mei de 68 meter hege tuorren foarmet de tsjerke de noardlike ôfsluting fan it fierder mei klassisistyske gebouwen omseame Luisenplatz.

De earste Bonifatiustsjerke fan Wiesbaden

De âldste tsjerke fan Wiesbaden waard tusken 1488 en 1521 boud en oan de hillige Mauritius wijd. Dy tsjerke stie op it tsjintwurdich nei dy tsjerke ferneamde plein. Mei de reformaasje waard Wiesbaden protestansk en yn 1850 baarnde de Mauritiustsjerke folslein út. Op 12 april 1800 waard sûnt de reformaasje foar it earst wer in katolike parochy stifte. Foar de parochy waard oan de Marktstraße in katolyk tsjerkje boud, dy't lykwols mei it tanimmen fan it ynwennertal fan Wiesbaden al gau te lyts waard. Dêrom waard tusken 1829 en 1831 oan it Luisenplatz in nije tsjerke yn klassisistyske styl foar de parochy boud. Noch foar de foltôging stoarte de tsjerke op 11 febrewaris 1831 yn. Eartiids leine der fivers foar de eardere stedsbefêstiging en mooglik wiene de fûneminten fan de dêr boude tsjerke net tarikkend, wêrtroch it gebou gjin stân hâlde koe.

De hjoeddeiske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De arsjitekt Philipp Hoffmann krige de opdracht om in nije tsjerke te bouwen. Hoffmann hie al earder syn kinnen sjen litten troch syn meiwurking oan de bou fan it Stedsslot en ûntwurp in nijbou dat romaanske en goatyske stylfoarmen ferbûn en ek al inkelde foarmen fan de lettere Jugendstil toande. Op de feestdei fan Bonifatius waard op 5 juny 1845 de earste stien lein en op 19 juny 1849 waard it ynterieur ynwijd troch de Limburger biskop Peter Josef Blum. Der wie lykwols brek oan jild en sadwaande duorre it noch oant 1856 ear't de beide tuorren ree kamen. Yn de tiid doe't de tsjerke boud waard wie de Bonifatiustsjerke it grutste tsjerkegebou yn it protestanske Wiesbaden. Efkes letter moast de Bonifatiustsjerke dy posysje ôfstean oan de fan 1853 oant 1862 boude protestanske Marktkirche.

De Bonifatiustsjerke waard by in loftoanfal op de stêd op 2 febrewaris 1945 slim skeind. Alle ramen, it dak en in diel fan it ferwulft waarden ferneatige. De slimste skea wie yn 1949 ferholpen. It ferwoastge ferwulft waard ynearsten provisoarysk troch in balkeplafond ferfongen, mar letter, yn 1965, fûn in degelike restauraasje plak en waard ek it ferfulft wer rekonstruearre. Doe is ek it ynterieur yn oerienstimming mei de easken fan it Twadde Vatikaansk Konsylsje ferboud. Oant hjoed-de-dei is de Bonifatiustsjerke de grutste katolike tsjerke fan Wiesbaden.

Ynterieur

De trijeskippige halletsjerke hat in grûnplan fan in latynsk krús. De tsjerke is 62 meter lang, 24 meter breed en 18 meter heech. Sa op it earste gesicht liket de tsjerke neogotysk, mar de ramen fan de tsjerke binne rûnbôgich. De beide tuorren binne 68 meter heech en hawwe neffens it foarbyld fan de munstertsjerke fan Freiburg iepen spitsen fan smei-izer. By de geveltrijehoek en de twa fier út inoar steande slanke tuorren hat de arsjitekt him nei alle gedachten beynfloedzje litten troch it ûntwerp fan de Ludwigskirche yn München. Dy tsjerke waard tusken 1829 en 1844 troch Friedirch von Gärtner boud, by wa't Hoffmann studearre hie. Oarspronklik siet der yn de geveltrijehoek in roasfinster, dy't yn 1890 troch in klok ferfongen waard. Ynstee fan in eastlike oriïntaasje ken de Bonifatiustsjerke in noardlike oriïntaasje, d.w.s. it koer (mei in omgong) leit noardlik, wylst it portaal súdlik leit.

Nei de kriich krigen de finsters nije ramen neffens in ûntwerp fan Johannes Beeck út Nettetal. Nettsjinsteande de ljochte ramen is it ynterieur tsjuster. De tsjerke is mar 18 meter heech, wêrtroch't it ynterieur breder eaget. Ek de 22 slanke achthoekige pylders drage by oan de yndruk dat de romte grutter is dan de werklikheid. It plafond bestiet út in ienfâldich ribferwulft.

Mear dekoraasje is der yn it koer te finen. By de renovaasje fan 1965 waard it âlde haadalter yn de koerôfsluting ferwidere. Sûnt 1967 stiet it nije folksalter op in ferheging fan read moarmer yn de fiering fan de tsjerke. Yn it koer steane in krusigingsgroep en bylden fan Fransiskus fan Assisy en Theresia fan Ávila.

Oargel

It oargel yn de tsjerke waard yn 1954 troch de oargelbouwer Romanus Seifert út Kevelaer mei 36 registers boud. Yn 1985 boude de firma Hugo Mayer it oargel op 'e nij en wreide de disposysje fierder út. Yn 1995 waarden yn it pedaal trije elektronyske Bas-registers ynfoege. Deselde firma restaurearre en fergrutte it ynstrumint yn 1998 troch twa registers en in pear koppels ta te foegjen en de klaviatuer út te wreidzjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Bonifatiuskirche