Marktkirche (Wiesbaden)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Merktsjerke
Wiesbaden, Marktkirche.jpg
lokaasje
lân Flag of Germany.svg Dútslân
dielsteat Flag of Hesse.svg Hessen
plak Wappen Wiesbaden.svg Wiesbaden
adres Schloßplatz 4, 65183 Wiesbaden
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1853-1862
arsjitekt Carl Boos
boustyl Neogotyk
oare ynformaasje
webside Side Marktkirche

De Marktkirche (Merktsjerke) is in neogotyske tsjerke yn de Dútske stêd Wiesbaden yn de dielsteat Hessen. De tsjerke waard yn de jierren 1853-1862 boud troch de arsjitekt Carl Boos (1806–1883) wie yn dy tiid it grutste fan bakstien boude gebou yn it hartochdom Nassau.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ryk fersierde haadportaal fan de tsjerke

Nei't de tusken 1488 en 1521 boude midsiuwske Mauritiustsjerke op 27 juny 1850 folslein útbaarnde en it bliken die dat sels de noch steande muorren net mear foar in weropbou brûkt wurde koene, waard besletten in nije tsjerke te bouwen. Op 27 jannewaris 1851 krige de boumaster Carl Boos de opdracht om in geskikte lokaasje foar de nijbou te sykjen. De arsjitekt kaam doe mei trije útstellen: it plak fan de âlde midsiuwske tsjerke, in plak tusken de wyngerds op in berchhelling en it úteinlik keazen plak oan it Schlossplatz. De fiif predikanten fan de tsjerkeried hiene in foarkar foar in plak tusken de wyngerds op in hichte, sadat de tsjerke om fierrens te sjen wie, mar de seis leken wiene yn de tsjerkeried yn de mearderheid en hja keazen foar in sintraal plak oan it Schlossplatz. Foar de bou stelde de hertog fan Nassau de grûn beskikber, mar naam fierder gjin diel oan de kosten fan de bou.

Nassausk hofarsjitekt Carl Boos, dy't al namme makke hie mei de ûntwerpen fan de tusken 1838 en 1842 boude oerheidsgebouwen, krige sûnder fierdere konkurrinsje noch itselde jier de opdracht om de nije tsjerke te bouwen. Op 14 jannewaris 1852 presintearre de arsjitekt syn ûntwerp foar in stúkte tsjerke fan natoerstien, mar hy feroare de plannen en kaam op 25 febrewaris 1852 mei syn foarnimmen om de tsjerke net fan natoerstien mar fan bakstien te bouwen, in boumaterjaal dat foar de regio gjin wênst wie. Boos liet him by syn plannen troch de Berlynske Friedrichswerderscher Kirche fan Karl Friedrich Schinkel beynfloedzje. De plannen fan Boos krigen wjerstân fanwegen syn foarkar foar bakstien, de gotyske styl en de te hege tuorren. De arsjitekt liet him lykwols net fan de wiis bringe en ferhege yn syn plan de fiif tuorren nochris. Op 22 septimber 1853 waard de earste stien lein; de wijing fan de tsjerke folge op 13 novimber 1862.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersicht ynterieur
Middelste koerraam fan de Ferrizenis

Eksterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It foarbyld fan de trijeskepige neogotyske basilika sûnder dwersskip wie de Friedrichswerdersche Kirche fan Karl Friedrich Schinkel yn Berlin. Krektlyk as dy tsjerke hat ek de Marktkirche in polygonale 5/10 sluting fan it koer. De Marktkirche wie de earste echte bou fan bakstien yn it Hertogdom Nassau. De haadtoer is 88 meter heech. De twa flankearjende sydtuorren binne elk 58 meter heech en de beide koertuorren 73 meter.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur hat in lingte fan 50 meter, in breedte fan 20 meter en in hichte fan 28 meter. Yn de tsjerke binne galerijen oanbrocht. It ferwulft is skildere as in himel mei stjerren. De tsjerke hat in ferhege koer. Ut de tiid fan nei de Twadde Wrâldkriich datearje de glês-yn-leadramen yn it koer. Se stelle de Berte fan Kristus (lofts), de Ferrizenis fan Kristus (midden) en de Krusiging fan Kristus (rjochts) foar.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de romte fan it koer steane fiif grutte bylden út wyt moarmer, dy't skonken binne troch hertog Adolf en yn 1863 in plak yn de tsjerke krigen. Se binne nei twintich jier wurk makke troch Emil Hopfgarten en syn learling Scipione Jardellea. Sintraal stiet it byld fan Kristus yn in segenjende opstelling. Lofts fan it byld fan Kristus binne de bylden fan de evangelisten Markus en Jehannes te sjen, rjochts dy fan Mattéus en Lukas. Yn 2015 binne de bylden restaurearre.

De mearsidige preekstoel rêst op in achtsidige pylder en hat in klankboerd mei in stjerferwulft. Oarspronklik soe de preekstoel fan moarmer makke wurde, mar fanwegen de kosten waard keazen foar in smei-izeren kânsel mei brûnskleur. De fjilden fan de kûp binne dekorearre mei in krús, in kelk en in anker, symboalen fan de Kristlike deugden Leauwen, Leafde en Hope.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike oargel waard yn 1863 troch de firma Eberhard Friedrich Walcker út Ludwigsburg levere. It ynstrumint hie 53 registers en in mechanyske traktuer. Yn it jier 1900 waard de mechanyske troch in pneumatyske traktuer en yn 1929 troch in elktropneumatyske traktuer ferfongen. Lang om let waard it oargel yn 1970 yn in oargel mei elektryske spyl- en registertraktuer omboud.

De lêste ferbouwing en fergrutting fan it ynstrumint datearret út 1982. It oargelbedriuw fan de Bruorren Oberlinger út Windesheim brocht doe it tal registers op meiïnoar 85 (73 yn it haadoargel en 12 yn it koeroargel). Twintich registers stamme noch fan it oarspronklike ynstrumint út 1863. It ynstrumint hat meiïnoar 6198 pipen. De spyl- en registertraktueren binne elektrysk. De haadspylstafel stamt út 1982 en is neffens it foarbyld fan de Frânske Cavaillé-Coll-oargels oanlein. It chamadewurk is apart oan te koppeljen. It koeroargel lit him fan de haadspyltafel oanspylje.

It oargel fan de Marktkirche is it grutste oargel fan de Protestanske Tsjerke yn Hessen en Nassau. Op it oargel spilen Albert Schweitzer en de komponist Max Reger.

It koeroargel stiet yn de eardere Kaiserloge lofts fan it alte efter yn it front fan in eardere rêchposityf fan it haadoargel. It hat tolve registers ferdield oer ien manuaal en pedaal, mar kin ek mei help fan de haadspyltafel oanspile wurde.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Marktkirche