Bogoljûbovo

Ut Wikipedy
Bogoljûbovo
Emblemen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Vladimir
Sifers
Ynwennertal 4.494 (2010)
Oar
Stifting 1158
Koördinaten 56° 11' N 40° 31' E

Bogoljûbovo (Russysk: Боголюбово) is in doarp (selo) yn it distrikt (rajon) Sûzdal fan de oblast Vladimir yn it Europeeske diel fan Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bogoljûbovo waard yn it midden fan de 12e iuw stifte en heart dêrmei ta de âldste plakken fan Sintraal-Ruslân. Yn 1158 liet Andrej Bogoljûbski, grutfoarst fan Vladimir en Sûzdal, dêr in nije residinsje bouwe. Neffens in leginde soed er ûnderweis west ha om fan Kiëv in ikoan fan de Mem Gods nei Sûzdal te bringen, mar de hynders bleaune ynienen ûnferweechlik stean. Dy nacht ferskynde de jongfaam Marije oan him en hiet him om it ikoan nei Vladimir te bringen en dêr op it plak by de mûning fan de Nerl in tsjerke te bouwen.

Ikoan fan de ferskining fan de jongfaam Marije oan Andreij Bogolûbski
Rekonstruksje fan de residinsje fan Andrej Bogolûbski

As ien fan de earste represintative bouwurken liet er de Tsjerke fan de Berte fan de Mem Gods (1158–1165) bouwe, wêrfan't hjoeddedei noch dielen fan de sokkel bewarre bleaun binne. De tsjerke foarme it middelpunt fan de nije residinsje, dêr't allinne de treptoer en it ferbiningsgebou nei de katedraal fan oerbleaun binne. Ek de Foarbeatsjerke oan de Nerl, in UNESCO-monumint, datearret út de tiid fan it regear fan Andrej Bogoljûbski.

Undersyk fan Sergei Wolfgangovitsj Sagrajevski wiisde út dat de stêd foar de Mongoalske ynfallen troch twa fêstingwurken beskerme waard. It binnenfort wie diels of hielendal fan wite stien en hie in omtrek fan 1,5 kilometer. De bûtenste fêsting bestie út ierden wâlen mei houten palissades fan in omtrek fan 2,9 kilometer. Yn de binnenfêsting stie it paleiskompleks mei tsjerken fan grutfoarst Andrej Bogoljûbski.

Fuort nei de moard op Andrej Bogolûbski yn syn eigen boarcht wie it dien mei de bloei fan Bogoljûbovo. Yn 1177 plondere it leger fan prins Gleb fan Rjazan de stêd en nei de ynfallen fan de Mongoalske Tataren ferlear de stêd syn betsjutting.

Fanôf de 17e waard in grut kleaster op it plak boud. Nei de Oktoberrevolúsje waard it sletten, mar yn 1992 waard it op 'e nij iepene. Sûnt 1997 binne der yn Bogoljûbov twa kleasters: ien foar bruorren en ien foar susters.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Demografyske ûntwikkeling fan Pljos fan 1897 oant 2018
Jier 1859 1897 1926 1959 1970 1979 1989 2002 2010
befolking 1.003 1.459 1.474 2.585 3.942 4.171 4.143 4.218 4.494

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierden bolwurken, grêften en legere muorredielen fan guon stiennen gebouwen binne reedlik bewarre bleaun. Fan de boarcht bleaune de treptoer en in trochgong nei de Marije-Bertekatedraal bewarre. Ek it ûnderste diel fan de Katedraal fan de Berte fan Marije is noch oarspronklik en datearret út de 12e iuw. Oer de resten fan de âlde Marije-Bertekatedraal waard yn 1751 in barokke katedraal boud. De kleastersellen en de Poartetsjerke fan it kleaster binne 19e iuwsk. De Katedraal fan de Bogoljûbovo-Ikoan fan de Mem Gods waard yn 1866 yn byzantynsk-russyske styl boud en is in ûntwerp fan de ferneamde arsjitekt Konstantin Thon.

De Anna- en Joachimtsjerke datearret fan 1823-1830.

Likernôch oardel kilometer fan Bogoljûbovo stiet de Foarbeatsjerke oan de Nerl.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Боголюбово