Foarbeatsjerke oan de Nerl
Foarbeatsjerke oan de Nerl
Церковь Покрова на Нерли | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | Bogoljûbovo | |
koördinaten | 56° 11' N 40° 33' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | Healwei de 12e iuw |
De Tsjerke fan de Foarbea fan de Mem Gods (Russysk: Церковь Покрова на Нерли; Tsjerkov Pokrova na Nerli) oan de rivier de Nerl (Russysk: Церковь Покрова на Нерли) is in midsiuwske russysk-otterdokske tsjerke op oardel kilometer ôfstân fan Bogoljûbovo yn de oblast Vladimir, likernôch 13 kilometer noardeastlik fan de âlde haadstêd Vladimir.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Opdrachtjouwer foar de bou fan de tsjerke wie Andrej Bogoljûbsky, dy't de bynamme Andrej de Fromme hie. Neffens guon boarnen waard de tsjerke boud ta oantinken fan Andrej's oerwinning op de Bulgaren en syn soan Izjaslav, dy't by de slach mei de Bulgaren omkaam. De krekte boutiid fan de tsjerke is net bekend.
Oarspronklik wie de Foarbeatsjerke de katedraal fan in lyts, fersterke kleaster, yn de bocht dêr't de Nerl yn de Kljazma streamd. De Foarbeatsjerke waard boud yn leechlân, yn de greide en stiet op in troch minsken opsmiten likernôch 23 m² grutte heuvel fan 3 meter heech, dêr't ek de oare kleastergebouwen op stiene. It kleaster waard yn 1764 opheft en om't der net in soad gebrûk mear makke waard fan de âlde katedraal woe de abt fan it Bogoljûbov-kleaster (dêr't de tsjerke oan tawiisd wie) de tsjerke ôfbrekke om it frijkommen boumateriaal te brûken foar de bou fan in nije klokketoer fan it kleaster. De tastimming foar de ôfbraak waard jûn, mar it jild ûntbriek en dêrmei kaam der fan de ôfbraak neat mear telâne.
Yn 1992 waard de tsjerke as ûnderdiel fan de Wite Monuminten fan Vladimir en Sûzdal ynskreaun yn de list fan it UNESCO-wrâlderfgoed. De tsjerke wurdt beheard troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke en it Iepenloftmuseum fan Vladimir-Sûzdal. It gebiet dêr't de tsjerke op stiet is in beskerme natoergebiet.
Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It ienkoepelige monumint mei fjouwer pylders waard boud fan wite kalkstien. De ferhâldings fan de tsjerke binne mei sin langer makke om in slankere yndruk te jaan, alhoewol't dat liede ta in ynterieur dat eins te tsjuster wie om der noch tsjinsten yn fiere te kinnen.
De tsjerke is al dy iuwen lang net folle feroare. Allinne de foarm fan de koepel waard yn de 19e iuw wat oars. De galeryen dy't yn de 12e iuw tafoege en yn de 18e iuw op 'e nij boud waarden binne yn de 19e iuw ôfbrutsen. De bûtenmuorren fan de tjerke binne noch jimmeroan dekorearre mei de bas-reliëfs út de 12e iuw. Sintraal persoan yn de komposysje op de trije gvels is kening David, dy't op de troan sit mei syn rjochter hân in segenjend gebeart makket en yn syn lofter hân de harp hâldt. Oare dekoraasjes stelle liuwen, fûgels en maskers fan froulju foar.
De oarspronklike fresko's binne by de renovaasje fan 1877 hielendal ferlern gien.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Покрова на Нерли
|