Trije Hierargen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
18e- iuwsk ikoan fan de Trije Hierargen

Mei de Trije Hierargen (Gryksk: Οι Τρεις Ιεραρχες, hoi treis hierarches) wurde de trije biskoppen Basilius de Grutte († 379), Gregoarius de Teolooch († 389) en Jehannes Krysostomos († 407) oantsjut. De biskoppen foarmje foar it kristendom in wichtich haadstik yn de tsjerkeskiednis troch yn de 4e iuw in beslissende rol te spyljen yn de kristlike teology.

De trije biskoppen wurde as hilligen fereare, benammen yn de otterdokske tsjerken, mar ek yn it katolisisme en it anglikanisme. De otterdokske tsjerke fiert op 30 jannewaris it feest fan de Hillige Trije Hierargen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 11e iuw ûntstie yn Konstantinopel in fûleindich debat oer de fraach wa fan de trije biskoppen de grutste west hie. Elkenien wist wol kwaliteiten fan harren foarkar te neamen om dêrmei it bewiis te leverjen dat har foarkar de grutste wie. Alle trije hawwe elk harren eigen feestdei: Basilius op 1 jannewaris, Gregoarius op 25 jannewaris en Jehannes op 27 jannewaris. De doedestiidske metropolyt Mauropos makke him tige drok oer de striid yn de Tsjerke en krige in dream, wêryn't de trije hierargen ferklearren foar God alletrije likefolle wurdearre waarden. Om 1100 hinne fierde keizer Aleksios I Komennos in feestdei yn foar de trije hierargen. Dy dei falt op 30 jannewaris.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: