Bloedige Snein fan Altona

Ut Wikipedy
Betinkingsmonumint fan de Bloedige Snein fan Altona

De Bloedige Snein fan Altona (Dútsk: Altonaer Blutsonntag) wie in gewelddiedige rebûlje tusken de Sturmabteilung (SA), Schutzstaffel (SS) en de plysje mei oanhingers fan de Kommunistyske Partij fan Dútslân op 17 july 1932 yn Altona, dat no in part fan Hamburch is, mar doe noch in part fan de Prusyske provinsje Sleeswyk-Holstein. Der kamen 18 minsken om it libben.

Oanrin en ferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't it regear fan rykskânselier Franz von Papen it ferbod, dat sûnt april 1932 fan krêft wie, op de SA en SS ophefte op 28 juny 1932 om de Nazys temjitte te kommen, brutsen der in stikmannich rebûljes en strjitfjochterijen út tusken nasjonaalsosjalisten en kommunisten.
Yn july stie de sosjaaldemokratyske haad fan de plysje, Otto Eggerstedt, in demonstraasje fan SA en SS ta yn in arbeiderswyk fan Altona, nettsjinsteande warskôgings fan de kommunisten. Kreksa as ferwachte wie late dat ta in konfrontaasje tusken 7000 nasjonaalsosjalisten en kommunisten fan Altona, dêr't de plysje massaal yn by belutsen rekke. Achttjin minsken, dêrfan 2 leden fan de SA, kamen om it libben. Measten wiene rekke troch kûgels fan de plysje. De rebûljes waarden troch Von Papen brûkt as in reden foar syn Prusyske steatsgreep, de saneamde Preußenschlag op 20 july fan datselde jier.
Doe't de nazys de macht oernamen yn maaie 1933 waarden de 15 kommunisten dy't oppakt wiene, beskuldige fan moard. Yn tafoeging fan de finzennisstraffen waarden fjouwer fan de beskuldigen ta dea feroardield. Hja waarden op 1 augustus 1933 ûnthalze. Yn de njoggentiger jierren fan de tweintichste iuw hat de Bûnsrepublyk Dútslân de beskuldigings weromdraaid en ferklearre de beskuldigen ûnskuldich.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Altona Bloody Sunday, op dizze side.