Springe nei ynhâld

Blankenheim (Ahr)

Ut Wikipedy
Blankenheim (Ahr)
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
kring Euskirchen
Stedsyndieling 17 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 8.433 (2022)
Oerflak 148,62 km²
Befolkingsticht. 57 ynw./km²
Hichte 455 m
Oar
Koördinaten 50° 26' N 6° 39' E
Offisjele webside
www.blankenheim.de
Kaart
Blankenheim (Noardryn-Westfalen)
Blankenheim
Kaart
Lokaasje Blankenheim (read) yn 'e kring Euskirchen

Blankenheim is in plak en gemeente yn 'e Dútsk dielsteat Noardryn-Westfalen. Blankenheim leit yn 'e Kreis Euskirchen en hat in oerflak fan 148,62 km².

Yn 'e midsiuwske kearn fan Blankenheim leit de boarne fan 'e rivier de Ahr.

Yn it jier 721 waard yn 'e stiftingsoarkonde foar de abdij fan Prüm de namme blancium neamd. Neffens lokale skiednisûndersikers waard dêrmei it hjoeddeiske Blankenheimerdorf ornearre en dus foar it earst neamd. Yn 'e oarkonde stiet: quidquid nobis obtingit de blancio, itjinge "wy fermeitsje al ús besit yn Blancium oan it kleaster. Blancio is it ablatyf fan Blancium. Yn it Eifelske dialet wurdt it Blangem neamd.

Georgstor

Yn 1614 waarden heksenprosessen yn Blankenheim holden, wêrnei 12 froulju en twa manlju ferbaarnd waarden. Mear hekseferfolgings fûnen tusken 1627 oant 1633 plak. Yn dy tiid wie de Keulske hekserjochter Johannes Möden berucht. Allinne yn 1627 waarden yn Blankenheim al 30 persoanen feroardiele ta de brânstapel.

Oarspronklik wie Blankenheim in selstannich greefskip dat troch útstjerren en houliken yn ferskillende hannen oergie. Op it lêst hearde Blankenheim by it greefskip Manderscheid en mei de Frede fan Lunéville kaam it plak yn 1801 lykas de rest fan 'e lofter kant fan 'e Ryn by Frankryk. Yn 1815 waard Blankenheim mei it Weenske Kongres by Prusen foege.

Tradisjoneel is Blankenheim in katolike krite. Fral nei de Twadde Wrâldoarloch feroare dat troch it grutte tal flechtlingen út Pommeren, Sileezje en Eastprusen. Sa koe yn 1955 foar de protestanten in eigen tsjerke boud wurde.

Gemeenteyndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1 july 1969 waarden de doetiidske selstannige gemeenten Ahrdorf, Alendorf, Blankenheimerdorf, Dollendorf, Freilingen, Hüngersdorf, Lindweiler, Lommersdorf, Mülheim, Reetz, Ripsdorf, Rohr, Uedelhoven en Waldorf by Blankenheim yndield. Blankenheim bestiet út de folgjende Ortsteilen:

  • Ahrdorf
  • Ahrhütte
  • Alendorf
  • Blankenheim
  • Blankenheimerdorf
  • Dollendorf
  • Freilingen
  • Hüngersdorf
  • Lindweiler
  • Lommersdorf
  • Mülheim
  • Nonnenbach
  • Reetz
  • Ripsdorf
  • Rohr
  • Uedelhoven
  • Waldorf

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plak Blankenheim wurdt dominearre troch it kastiel. Neffens fynsten stie dêr eartiids in Romeinsk fort. Greve Gerhard I boud yn 1115 it kastiel, dat hjoeddedei in jongereinherberch is.

Hirtentor

De âlde kearn fan Blankenheim hat noch de resten fan 'e befêstiging mei de Hirtenturm út de 16e iuw en de Georgtor út de twadde helte fan 'e 17e iuw. Fakwurkhûzen en de yn 1505 foltôge Marije-Himelfearttsjerke (St. Mariä Himmelfahrt) kompletearje it skildereftige oansjen fan Blankenheim. In oar monumint is de Krúskapel (Kreuzkapelle).

Noardwestlik fan it sintrum leit oan 'e Straße In der Alzen de lokaasje fan in earder Romeinsk lângoed, dat yn it Rynlân mei 250 by 120 meter ien fan 'e grutste yn syn soarte wie. Nei de earste opgravings oan it ein fan de 19e iuw en letter argeologysk ûndersyk tusken 1914 en 1931 waard de lokaasje foar it publyk iepensteld. Om se te beskermjen binne de oarspronklike fûneminten wer mei ierde bedutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Blankenheim (Ahr)