Biskopsrak
Appearance
It Biskopsrak en it Sylster Rak binne wetters dy't oerbleaun binne fan de Harnzer Trekfeart by Ljouwert. De Harnzer Trekfeart waard yn 'e 17e iuw as sylfeart groeven om Ljouwert in bettere ferbining mei Harns te jaan. Bylâns it Sylsterrak/ Biskopsrak binne trekwegen oanlein dy't no ta fytspaden makke binne. It Biskopsrak slút oan op it Van Harinxmakanaal. De wetters lizze westlik fan Ljouwert by Ritsumasyl. Yn it Biskopsrak leinen in soad arken. Oan it Biskopsrak leit in grutte bult as oerbliuwsel fan de eardere dwinger.
Besuden it Biskoprak stie 1857 - 1979 (sloopt yn 1988) de stienfabryk Skinkeskâns. Sûnt 1990 is dêr de ôffalferwurking Skinkeskâns.