Big Apple Anime Fest

Ut Wikipedy
Big Apple Anime Fest
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat New York (steat)
plak New York (stêd)
tiid fan it jier augustus/septimber
bysûnderheden
ôfkoarting BAAF
soarte evenemint konvinsje
sjenre anime
bestean 20012003
offisjele webside
n.f.t.

It Big Apple Anime Fest, soms ôfkoarte ta BAAF, wie in konvinsje op it mêd fan anime, oftewol Japanske tekenfilms (en dus eins ek in tekenfilmfestival). It evenemint waard trije jier efterinoar holden yn New York, fan 2001 oant 2003. De namme ferwiist nei New York, dêr't "the Big Apple de bynamme fan is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Big Apple Anime Fest waard organisearre troch Central Park Media, mei sponsoring troch in konsortium fan anime- en mangabedriuwen. De lokaasje foar de konvinsje wie it Marriott New York Marquis-hotel. It earste jiers foel it Big Apple Anime Fest yn oktober en kamen der 3.500 minsken op ôf. De beide folgjende jierren fûn it plak yn ein augustus en/of begjin septimber. Yn 2002 wiene der 7.500 besikers, en yn 2003 krapoan 13.000.

Hoewol't de tarieding foar 2004 doe al fierhinne ree wie, waard dat jiers besletten it Big Apple Anime Fest oergean te litten om't it gearfalle soe mei de Nasjonale Konvinsje fan 'e Republikeinske Partij, dy't dat jiers ek yn New York holden wurde soe. Dat bliek efterôf de deastek foar de konvinsje te wêzen, om't it dêr yn 2005 of letter nea mear wat mei waard.

Yn 2001 wiene pornoaktrises Kobe Tai en Asia Carrera earegast op it Big Apple Anime Fest om't se harren stim liend hiene oan personaazjes yn ferskate eroatyske hentai-animaasjefilms fan 'e Japanske filmstudio Pink Pineapple,

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.