Springe nei ynhâld

Bibleteek (De Jouwer)

Ut Wikipedy
De bibleteek oan De Merk

De bibleteek fan de Jouwer stiet oan de Merk 31 op De Jouwer. De bibleteek is oansluten by de oerkoepeljende bibleteek Mar en Fean.

De bibleteek begûn yn 1859 as Folksbibleteek fan de Maatskippij fan it Nut. Yn in ferslach fan in gearkomst wurdt melding makke dat in tal boeken út de kolleksje helle omdat se neffens in tal lêzers stridich binne mei de goede seden. Boppedat wurdt der klage oer it gebrek oan oarder by it útlienen fan boeken en oer de 'machteleazens tsjin in soad woaste jonges'. Yn 1919 wurdt de bibleteek ûnderbrocht yn filla Jamja. De filla wie yn 1885 boud yn opdracht fan oaljeslagger Anne Eelkes de Boer. Yn 1897 waard it hûs bewenne troch hûsdokter Jan Gijsbertus Driessen mei syn húshâlding. Hy joech de filla ek har namme. Neffens oerlevering brûkte hy de earste letters fan de foarnammen fan syn fiif dochters.

Iepenbiere lêsseal en bibleteek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1962 geane de kristlike bibleteek en de bibleteek fan it Nut by elkoar. Der wurde plannen maak om te ferhúzjen nei de eardere MULO oan de Skien. Dat wie omdat foar 1969 de Utlienbibleteek omsetten wurde moast yn in Iepenbiere lêsseal en Bibleteek om noch Rykssubsyzje te krijen. Yn filla Jamja wie gjin romte foar in lêsseal. De filla wurdt dêrom yn 1968 sloopt om romte te meitsjen foar in nije bibleteek. De nije bibleteek wie in ûntwerp fan arsjitekt S. Wijnalda, dy't ek foarsitter wie fan it bibleteekbestjoer. De iepening wie op woansdei 12 febrewaris 1969. Twa jier letter wie de bibleteek ien fan de earste bibleteken mei in platekolleksje én mei de mooglikheid om dy platen ôf te hearren.

Doe't de jeugd him opnij misdroech yn de bibleteek waard yn 1971 besluten om de jeugd ûnder de achttjin jier op jûn net mear ta te litten. Yn 1985 waard de bibleteek te lyts en waard it flieroerflak ferdûbele. De fergrutte bibleteek waard op 8 oktober iepene troch skriuwer Dolf Verroen út Sint Nyk.

Yn de rin fan de jierren krige de bibleteek neist de lêsseal en it útlienen fan boeken geandewei oare funksjes. Sa kaam der in kofjemoarn foar de âlderein. Ber kaam ek omtinken foar lêsbefoardering foar de bern. Yn 1999 wiene Ingrid en Dieter Schubert te gast yn de bibleteek. Doe't de bibleteek troch alle nije taken te lyts blykte waard keazen foar nijbou oan De Merk. De nije bibliotheek wie op 8 maart 1994 noch mar in oerke iepen doe't in graafmasine in stroomkabel stikken luts, wêrnei't elts wer nei bûten ta moast.

Yn de jierren dêrnei waarden yn de bibleteek waarden in soad aktiviteiten dien. Sa wienen der workshops, lêzingen en in Bulgaarske dei. Ta eare fan de tachtichste jierdei fan Dolf Verroen waard in feest hâlden dat ôfsluten waard mei in soerkoalbuffet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: