Beweging fan Sonja de Vries
De religeuze beweging fan Sonja de Vries oprrjochte troch Sjoerdtje de Vries-Schaafsma (1944). De beweging is ûnderbrocht yn de stichting Uit de Bron van Christus.
Sonja de Vries begûn yn 1983 yn it Noardhollânske De Rijp as genêzeres. De stichting 'Uit de Bron van Christus' waard op 4 july 1986 te Ljouwert oprjochte. Yn 1987 ferhuze de beweging nei Aldhoarne.
De beweging fan Sonja de Vries wol, yn opdracht fan ingels, it evangeelje werombringe sa't it wie yn de dagen fan de earste apostels. Wat Kristus yn beweging sette wolle de leden fan 'e beweging op 'e nij sintraal stelle. In underdiel fan harren leauwe is dat de minsken yn har oarsprong ferstruid wêze soene as fonkjes. Dy fonkjes moatte wer werom nei God, nei it Ljocht. Sonja de Vries is derfan oerstjûge dat de ingel Roravyanus d’Aquilya mei har praat. Sysels en har oanhingers, of apostels, neame har 'Lhyza'. De beweging hat sawat twa hûndert apostels, foaral út Fryslân en Noard-Hollân. De measten komme út kristlike fermiddens.
De beweging krige gâns negatyf omtinken yn 'e media en maatskiplike wjerstân. Fan 1988 oant 1997 woene de apostels it boadskip fan de ingels yn de fêstige tsjerken bringe. Dy fielden dêr neat foar. Meastal wiene de apostels yn tsjerke net wolkom. Fan 1992 ôf wurde der iepen jûnen holden. De beweging wurdt troch de media en oare bûtensteanders rûnom as sekte beskôge. De beweging hat dêrom in hûs-oan-hûsbrief yn Fryslân besoargje litten om de negative publikaasjes te wjerlizzen en út te lizzen wêr't de beweging foar stiet.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lammert G. Jansma, Engelen in Oudehorne. Een nieuwe profetische beweging in het lokaalpostmoderne (proefskrift). Utjouwerij Eburon (2010).