Betty Jansma
Betty Jansma | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Betty Jansma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 3 septimber 1990 | |
berteplak | De Rottefalle | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | kuorbal | |
ûnderdiel | Wêz Handich (2001-2012) LDODK (2012-2018) Wêz Handich (2018 - heden) | |
debút | 11-11-2012 | |
karriêre-ein | 2018 | |
wichtige prestaasjes | ||
Nederlânsk kampioen beachkuorbal (2013) Jan Mulder beker wûn mei LDODK (2016) Kampioen haadklasse fjildseizoen mei LDODK (2013-2014) Kampioen 2e klasse mei Wêz Handich/DOW (2018-2019) | ||
offisjele webside | ||
www.sportmassagerottevalle.com |
Betty Jansma (De Rottefalle, 3 septimber 1990) is in Nederlânske kuorbalster. Se spile fan 2012 oant en mei 2018 by kuorbalferiening LDODK út De Gordyk en Terwispel, yn de kuorballeague it heechste nivo kuorbal yn Nederlân. Fan 2018 ôf spilet se wer by har earste klup: Wêz Handich.
Spilerskarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Betty Jansma begong fan har alfde ôf mei kuorbaljen by Wêz Handich út De Rottefalle. Dêr hat se in aardich skoftsje spile foar't se nei LDODK gong. Doe't se yn de seleksje fan Wêz Handich siet spile se twadde klasse, it wie dus in grutte oerstap nei LDODK dy't op it heechste nivo spile.[1] Betty makke har debút yn it earste fan Wêz Handich doe't se 15 jier wie.
LDODK
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 2012 makke Betty bekend dat se in stapke heger spylje woe en se gong nei LDODK en kaam dêrmei yn de korfballeague. Doe't se de oerstap makke op 22-jierrige leeftiid, kaam se fuort al yn it earste team fan LDODK. LDODK stie eartiids ûnder lieding fan: Jan Sjoerd Pool. [2]
Yn it debút seizoen (2012-2013) fan Betty einige LDODK achtste en bleau dus yn de kuorballeague. Yn it seizoen 2016-2017 einige se mei LDODK yn de top 3 fan de kuorballeague. Dit betsjutte dat se play-offs spylje mochten. It seizoen 2016-2017 wie it earste seizoen yn de klupskiednis fan LDODK dat se play-offs spylje mochten. Betty har debút wedstryd wie op 11-11-2012 tsjin Blau-Wyt út Amsterdam, thús yn De Gedyk. Der waard wûn mei 22-18
Yn it fjildseizoen fan 2013-2014 waard Betty mei LDODK kampioen yn de haadklasse fan it Koninklijk Nederlands Korfbalverbond (KNKV). Dit wie foar it earst yn de klupskiednis dat LDODK op sawol it fjild as yn de seal, op it heechste nivo yn Nederlân spilen. LDODK helle it seizoen dêrnei (2014-2015) op it fjild krekt net de play-offs om it kampioenskip op it fjild, se kamen nammentlik ien punt tekoart.
Yn it seizoen (2015-2016) krige Betty Jansma en de klup in nije haadcoach: Erik Wolsink. Yn de sealkompetysje einige LDODK heger as de seizoenen dêrfoar (6e plak) en op it fjild waard wer it 3e plakt helle. Wer gjin play-offs om kampioenskip.
Marjolein Kroon en Friso Boode (beide internationals kamen LDODK fersterkjen yn it seizoen 2016-2017. Yn dit seizoen waarden Betty en de ploech tredde yn de kuorballeague mei 23 punten. Dit betsjutte dat LDODK foar it earst yn de klupskiednis play-offs spylje mochten. Der waard twa kear ferlern fan TOP (Sassenheim); dy't úteinliks kampioen waarden yn de seal. TOP, de ploech dêr't Friso Boode, dy't oan it begjin fan it seizoen nei LDODK kaam, wei kaam. It fjildseizoen kaam LDODK sels yn de finale om it kampioenskip fan Nederlân. De favoryt fan dat seizoen: PKC (Papendrecht) waard yn de krúsfinale ferslein mei 22-18. Yn de finale waard der spile tsjin AKC Blauw-Wit (Amsterdam). Der waard mei 22-12 ferlern, mar LDODK hie him yn de top fan Nederlân festige dat jier. Dat wie al in prestaasje foar de klup.
It lêste jier fan Betty by LDODK ferrûn net sa soepel as plend, ek al hienen se by LDODK hege ambysjes. Yn maart 2018 drige de ploech de play-offs yn de seal te missen. Der kaam daliks in nije coach oan it roer om it tij te kearen: Henk Jan Mulder (earst assistintcoach fan LDODK). Om de play-offs te heljen slagge lykwols net mear, LDODK einige 5e en it seizoen einige yn in mineur. Op it fjild einige LDODK mei 10 punten op it 4e plak en spile dus ek gjin play-offs om it kampioenskip.
Wer werom by Wêz Handich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Betty makke bekend yn maaie 2018 oan de foarsitter fan LDODK (Gouke de Vries) en de klup, dat se graach wer in stapke werom dwaan woe. Se gong doe werom nei har klup dêr't se begongen wie te kuorbaljen: Wêz Handich. Wêz Handich wurke yn 'e tusken tiid gear mei de buertferiening út Eastermar: KF DOW. Se kaam wer yn it earste by Wêz Handich/DOW dy't yn 'e tuskentiid omheech gongen wie fan de 2e klasse nei de 1e klasse, allinne it jier dat se werom kaam, kaam Wêz Handich/DOW út yn de 2e klasse. Wêz Handich/DOW wie krekt degradeare. Doe Betty werom kaam, wurde se kampioen mei Wêz Handich/DOW en promovearre Wêz Handich/DOW wer nei de 1e klasse. Fan it fjildseizoen 2021-2022 ôf hat Betty besletten op te hâlden yn it earste team fan Wêz Handich/DOW en dus ek hjiryn in stapke werom te dwaan. Yn dit seizoen waard de wedsrtyd om de lêste plak en ôfskiedwedstryd fan Betty, ferlern mei 19-22 fan OKO/BIES út De Grinzer Pein. Letter dat seizoen degradearre Wêz Handich/DOW fan de 1e klasse nei de 2e klasse, Wylst Wêz Handich/DOW en Betty yn 'e seal hast kampioen wurden wienen yn de 1e klasse. Der waard thús wûn fan Ritola yn de play-offs, allinne it ûnderlinge resultaat wie yn it foardiel fan Ritola út it Grinze Súdlaren.
Privee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2012 is Betty ôfstudearre as Medyskbielfoarmjende en Bestrielingsdeskundige (MBB'er). Betty hat yn 2021 de oplieding Sportmassage folge neist haar baan yn de sûnenssoarch as Radioterapeutysk Laborant yn it R.I.F. te Ljouwert. Ek hat se de ferfolgkursus Medical Taping dien.