Springe nei ynhâld

Triem (ynformatika)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bestân (ynformatika))

In triem of bestân is in folsleine rige koaden fan gegevens dy't ferwurke binne troch in kompjûter en wurdt meast fêstlein op in optyske of magnetyske skiif. Troch it bewarjen fan de kompjûterkoaden yn triemmen kinne programma's en gegevens langere tiid foar in kompjûter beskikber bliuwe.

Triem en bestân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is foar it Frysk in diskusje of it Ingelske begryp computer file oerset wurde moat as triem of as bestân.

Foar bestân wurdt foaral it argumint oanfierd dat it begryp makliker is foar ien dy't it Nederlânske bestand gewoan is.

Foar triem is it argumint dat it tichter by it oarspronklike begryp leit om't it de oardering fan it Ingelske begryp oanjout. Sa'n oardering is by in kompjûter no ienris tige wichtich. It begryp 'de triem' ken in spesifike omskriuwing as begryp 'rige' by sifers. Dat byld is brûkt foar it Ingelske 'computer file' as in rige ien-/nulkoaden. Bestân is, lykas yn it Nederlânsk, mear in mannichtewurd. Ek wurdt bestân as in barbarisme sjoen, lêst út it Nederlânsk en dêrfoar wer út it Dútsk, wylst it wurd no krekt yn it Dútsk foar dy betsjutting fersmiten is.

Fansels komt as it wurd triem brûkt wurdt, it wurd bestân frij as dat mannichtewurd. Sa kin bygelyks sein wurde dat in makelder in bestân fan huzen hat, wylst er de beskriuwings fan dy huzen yn ien as mear triemmen fêstlein hat.

De Wikipedy brûkt yn de ynterfaasje "triem".

By de kompjûterkoaden fan de teksttriem hawwe jo te meitsjen mei de ienheid: 1 byte = 8 bitten. De bit stiet foar ien ien-/nulkoade. Jo kinne him of in ien- of in nulwearde takenne. Yn wêzen kinne jo mei de acht ien-/nulkoaden fan in byte ien fan de tsien sifers fêstlizze. Om’t se yn it ferline mei de kompjûter net allinne rekkenje mar ek skriuwe woenen, waard in systeem ûntwikkele dat foar ien teken twa of trije byte nedich hie, it saneamde ASCII-systeem. Jo kinne dat in bytsje neispylje as jo yn in tekst de Oarre [Alt] fêsthâlde en tagelyk twa of trije sifers op it siferblokje tikje. Alle letters en oare tekens fan jo kaaiboerd kinne jo ek op dizze wize op it skerm krije. Doe’t de ûnthâldromte fan de kompjûters noch djoer wie, waarden faak de diakrityske tekens weilitten. Om’t haadletters sûnder diakrityske tekens meastal twa byte brûke, wie sa moai romte te besparjen. Jo koenen sa fansels ek de snelheid fan it ferwurkjen fergrutsje. De kompjûters fan hjoed de dei binne sa rap, dat op de lingte fan in teksttriem in byte mear of minder net mear wichtich is.

Mei de ûntwikkeling fan stees gruttere faasje fan de sintraleferwurkingsienheid (cpu) fan de thúskompjûter (home computer, no meast persoanlike kompjûter neamd) kaam de mooglikheid om in ôfbylding yn in triem fêst te lizzen. It saneamde digitalisearjen fan plaatsjes, tekeningen of foto’s.

In kearnbegryp dêrby is de byldpunt (picture element of pixel). Dat is de lytste ienheid fan jo skerm dy’t troch jo kompjûter noch selsstannich te betsjinjen is. By de printer jildt soks eins ek. Njonken dat sa’n byldpunt in beskate hichte en breedte hat, komt hjir noch in nij begryp nei foaren: de kleurdjipte. Dy kleurdjipte wurdt oanjûn yn tal bitten. Mar oars as by de fêste ienheid yn de teksttriemmen – 1 byte = 8 bitten – kin de kleurdjipte in lytser of in grutter tal bitten hawwe. Koartsein, hoe mear bitten de kleurdjipte omfettet hoe grutter de mooglikheid fan kiezen wurdt tusken de ferskate tinten, dy’t oan dat byldpunt jûn wurde kinne.

In swart-wyttekening, sûnder griis, hat byldpunten mei in kleurdjipte fan 1 bit, dy’t jo oan (wyt) of út (swart) sette kinne. In kleurdjipte fan 24 bitten jout jo de mooglikheid fan 16 miljoen kleuren/tinten. It sil dúdlik wêze dat as jo wurkje mei byldpunten mei in kleurdjipte fan 24 bitten, 24 kear in ien-/nulkoade, dat jo dan foar in pear byldpunten in soad ien-/nulkoaden nedich hawwe. Jo byldtriem wurdt dan ek stikken langer as dat jo mei swart-wyt wurkje soenen.

Doe’t de kompjûters en de ynternetoanslutings stariger wienen, bouden de plaatsjes op de skermen of de printers ‘‘byldpunt foar byldpunt of rigel foar rigel’’ op. Mar tiden hawwe tiden, wy kinne ús dat starige opbouwen no al hast net mear foar de geast helje.

It mei jo no ek dúdlik wêze wêrom de ynternetsnelheid yn bitten metten wurdt. By de kar-út kedizers (providers) binne jo der benammen yn yntressearre hoe rap jo de byldtriemmen ynlade kinne/meie.

Stân fan saken 2007

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't ferskate - offisjele - ynstânsjes frege is it wurd triem te brûken yn stee fan bestân en guon dêrfan ek oanjûn hawwe it wurd triem as húsriem te beskôgjen is it net dúdlik yn hoefier't it wurd algemien yngong fûn hat. It liket der lykwols op dat soks noch net bot it gefal is. By sykjen op de Fryske wikipedy smyt it 11 treffers op. Yn it deistich praat heard men it wurd oant no ta sa goed as net (net wittenskiplik bewiisd).

Stân fan saken 2008

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't dizze diskusje eins op de oerlisside heart, is it aardich om yn augustus 2008 fêst te stellen dat der no sa'n 18-tal programma's ensfh. yn de oersetting it wurd triem brûke. Boppedat binne der ek noch programma's op kommendewei. Foar in begryp dat yn de deistige praktyk - krekt as it wurd kaai foar it Nederlânske sleutel oer - om syn plakje fjochtet, is soks yn in tiidbestek fan amper 8 jier in hiele prestaasje.

By it Geografyske Ynformaasjesysteem (GIS) wurdt in triem keppele oan in stipke/plakje op in digitale kaart. In pear byldpunten fan sa'n kaart kinne al oanwiisd wurde ta hiele lytse byldkaikes. Sa kin in doarpke, in strjitsje, in marke, mar ek it hiem fan in hûs ta byldkaike tsjinje. De Fryske wikipedia brûkt bygelyks it GIS om de foarm fan de himrik fan in doarp of in stêd grien te kleurjen. Dy himrikken komme min of te mear oerien mei de kadastrale gemeenten fan 1832, dy't meastal beheind wiene ta ien doarp of ien stêd. Om't by it GIS-systeem njonken de triemmen ek de byldkaikes ynteraktyf binne, kinne dy troch de krekte fraach op 'e triemmen los te litten fan kleur feroarje.

Foarbylden fan GIS-systemen binne digitale rûteplanners en it HISGIS-systeem fan de Fryske Akademy. By dat lêste systeem kinne jo digitaal sykje op kadastrale kaarten fan 1832 nei bygelyks in gebou of in perseel. Om't soks op perseelnivo bart, is net de triem mar binne alle rigels (Ingelsk records) binnen dy triem keppele oan in perseel(byldkaike).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]