Bert Goedkoop

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bert Goedkoop
Olympic Rings black.svg sporter
Bert Goedkoop yn 2008
Bert Goedkoop yn 2008
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 15 febrewaris 1956
sportive ynformaasje
sport Follybal

Bert Goedkoop (15 febrewaris 1956) is in âld Nederlânsk follybalspiler en follybaltrainer. Op dit stuit is er technysk direkteur fan de NeVeBo, it Nederlânske follybalbûn.

Profyl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bert Goedkoop begûn syn karriêre as follybaltrainer yn 1988, hy die dat op klupnivo. Hy waard doe trainer fan Martinus. Yn 1990 gie er nei Belgje om dêr de klup Maaseik te trainen. Yn 1993 waard er oansteld as haadtrainer fan de Nederlânske follybalploech by de froulju. Twa jier letter waard der in grut súkses helle: op it Europeesk kampioenskip waard in gouden medalje helle. Ek einige er mei de ploech op in fyfde plak by de Olympyske Simmerspullen fan 1996 yn Atlanta.

Yn 2001 waard Goedkoop trainer fan de Nederlanske follybalploech by de manlju. By de World League fan 2001 waard de ploech yn Katowice, Poalen, knap sande. By it toernoai yn 2002 hie Goedkoop in ploech dy't ferjonge wie, dy ploech waard wer sande. Letter it jier waard yn Argentynje op it Wrâldkampioenskip in njoggende plak helle.

Nei in teloarstellend Europeesk kampioenskip 2011 by de froulju waard Avital Selinger ûntslein as bûnstrainer. Bert Goedkoop naam dêrnei de lieding fan de ploech oer. Hy wie ynterim-trainer foar de wedstriden dy't spile waarden yn it Pré-Olympysk Kwalifikaasje toernoai. Dêrnei soe der in nije bûnstrainer oansteld wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: