Katowice
| Katowice | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Woiwodskip | Sileezje | |
| Powiat | Stedsdistrikt | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 285.885 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 164,64 km² | |
| Befolkingsticht. | 1.736 ynw./km² | |
| Hichte | 266-352 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 16e iuw (stedsrjochten yn 1865) | |
| Postkoade | 40-001 oant 40-999 | |
| Netnûmer | +48 32 | |
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Simmertiid | UTC+2 | |
| Offisjele webside | ||
| www.katowice.eu | ||
| Kaart | ||
Katowice is de haadstêd fan Sileezje en in wichtige stêd yn 'e histoaryske regio Boppe-Sileezje yn it suden fan Poalen. Troch de stêd rinne de rivieren de Klodnika en de Rawa.
Katowice is de wichtigste stêd yn 'e yndustryregio Boppe-Sileezje. Tegearre mei in tal lytsere plakken foarmet it de stêdekloft Katowice. Oant 1999 wie Katowice de haadstêd fan it woiwodskip Katowice; dat jier waard Katowice mei twa oare woiwodskippen ta it nije woiwodskip Sileezje gearfoege, dêr't Katowice ek wer de haadstêd fan waard.
Distrikten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]|
I. Stêd
II. Noardkant
|
III. Westkant IV. Eastkant
|
V. Súdkant
|
Kultuer en rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teater
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Silezyske Teäter (Teatr Śląski im. Stanisława Wyspiańskiego)
- Teäter Ateneum (Teatr Ateneum)
- Teäter Korez (Teatr Korez)
- Teäter Cogitatur (Teatr Cogitatur)
- Teäter-bioskoop Rialto (Kinoteatr Rialto)
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Silezysk Filharmonysk orkest (Filharmonia Śląska)
- Silezyske Estrade (Estrada Śląska)
- Scena GuGalander
- Narodowa Orkiestra Symfoniczna Polskiego Radia
Bioskoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- IMAX
- Cinema City - Punkt rozrywki 44
- Cinema City|Cinema City - Silesia City Center
- Helios Cinema Center (Centrum Filmowe Helios)
- Cosmos Cinema (Kino Kosmos)
- Światowid Cinema (Kino Światowid)
- Theatre-Cinema Rialto (Kinoteatr Rialto)
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Silesyske Museum (Muzeum Śląskie)
- Histoarysk museum fan Katowice (Muzeum Historii Katowic)
- Muzeum Archidiecezjalne
- Muzeum Misyjne OO. Franciszkanów
- Muzeum Biograficzne P. Stellera
- Muzeum Prawa i Prawników Polskich
- Muzeum Najmniejszych Książek Świata Zygmunta Szkocnego
- Izba Śląska
- Centrum Scenografii Polskiej
- Śląskie Centrum Dziedzictwa Kulturowego
Media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- TVP 3 Katowice
- TVN24 - regio Katowice (TVN24 - oddział Katowice)
- Radio Katowice
- Radio Flash
- Radio Roxy FM
- Radio Planeta
- Dziennik Zachodni
- Gazeta Wyborcza - regio Katowice
- Fakt (gazeta) - oddział Katowice
- Echo Miasta
- Metro (gazeta) Katowice
- Nowy Przegląd Katowicki
- Sport (gazeta)
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It sintrum fan Katowice hat in soad Art Nouveau (Secesja) gebouwen. Bûten it sintrum steane foar it grutste part kommunistyske wen-blokken.
- Katowice's Rynek - Dit is it âlde sintrum fan 'e stêd. Spitigernôch binne der yn 'e jierren 1950 in soad gebouwen ferfongen troch nije gebouwen yn kommunistyske styl. Hjoed-de-dei fine de minsken de kommunistyske gebouwen net moai en binne der plannen foar sloop, sadat der plak foar in nij sintrum komme sil. Ferskate strjitten yn en krekt bûten it merkplein (rynek) binne no net mear foar it ferkear tagonklik en dêr is no in nij winkelsintrum kaam.
- Katedraal yn Katowice
- Sint-Stefanustsjerke
- Silezyske Fersetsmonumint (Poalsk: Pomnik Powstańców Śląskich) - It monumint stiet njonken de Rondo. It is it grutste monumint oprjochte foar de Silezyske Opstânnen yn it begjin fan 'e jierren 1920.
- Spodek is it grutste sportsintrum/konsertgebouw: it docht tinken oan in bútenierdsk romteskip.
- Dworzec Główny Katowice - Dit is it sintrale treinstasjon.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Universiteit fan Sileesje (Uniwersytet Śląski w Katowicach)
- Ekonomyske universiteit fan Katowice (Akademia Ekonomiczna w Katowicach)
- Muzykuniversiteit yn Katowice (Akademia Muzyczna w Katowicach)
- Sportuniversiteit yn Katowice (Akademia WF w Katowicach)
- Keunstakademy yn Katowice (Akademia Sztuk Pięknych w Katowicach)
- Keunstuniversiteit yn Krakau (Akademia Sztuk Pięknych w Krakowie)
- Medyske universiteit fan Sileezje (Śląska Akademia Medyczna)
- Poalske akademy foar wittenskippen (Polska Akademia Nauk)
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Katowice hat in rike sportskiednis mei ferskate klups dy’t op it heechste nivo aktyf binne. De bekendste namme is sûnder mis GKS Katowice, in multysportklub dy't benammen yn it fuotbal en it iishockey grutte súksessen fierd hat. It manljusfuotbalteam fan GKS Katowice hie foaral yn 'e jierren 1980 en 1990 in gouden perioade. De klub wûn trije kear de Poalske kup (yn 1986, 1991 en 1993) en mocht twaris de Poalske Superkup yn ûntfangst nimme. Ek yn 'e iere jierren 2000 spile de klub noch op it heechste nivo, de Ekstraklasa. Ek op it iis is de stêd tige súksesfol. It iishockeyteam fan Katowice (earst ûnder de namme Górnik Katowice en letter as GKS) wie tusken 1958 en 1970 seis kear kampioen fan Poalen.
Njonken GKS is ek de akademyklub AZS AWF Katowice in bekende namme. It frouljushânbalteam fan 'e feriening hat in tal jierren op it heechste nivo, de Ekstraklasse, spile. Nei in alfte plak yn it seizoen 2003/2004 degradearren se, wêrtroch't se sûnt it seizoen 2004/2005 wer útkomme yn 'e earste difyzje.
In soad grutte sporteveneminten yn 'e stêd fine plak yn 'e Spodek, in gebou dat tinken docht oan in fleanende skûtel.
Ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1865 | 1900 | 1950 | 1987 | 2004 | 2009 | 2024 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 4.815 | 31.738 | 175.496 | 368.621 | 319.904 | 308.724 | 285.711 |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- List fan boargemasters fan Katowice (Prezydenci Katowic)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee fan Katowice Ingelsk.
- Hotels yn Katowice Ingelsk.
- Tram yn Katowice Dútsk/Ingelsk.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
