Bernie Dexter

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Bernie Dexter
High-contrast-camera-photo.svg model
Bernie Dexter portrait.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bernadette Belle Souza Dexter
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 13 jannewaris 1970
berteplak Camp Hill (Pennsylvania)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
Flag of the Philippines.svg Filipynsk
wurkpaad
soarte model pin-upgirl
jierren aktyf 1989 – no
offisjele webside
www.berniedexter.com

Bernie Dexter (berne as: Bernadette Belle Souza; Camp Hill (Pennsylvania), 13 jannewaris 1970) is in Amerikaansk model en moadeûntwerpster fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Filipynsk etnysk komôf. Hja is ien fan 'e meast foaroansteande pin-upgirls fan 'e Feriene Steaten, en hat karriêre makke mei fotoreportaazjes yn 'e styl fan 'e ferneamde Bettie Page, út 'e 1950-er jierren.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dexter waard yn 1970 berne yn Camp Hill, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, as de dochter fan Joe Souza, in rêstend seeman út 'e Filipinen en dy syn Amerikaanske frou Sherry. Mei njoggentjin jier wûn Dexter yn 1989 de Miss Teen San Diego County-ferkiezing, en neitiid besocht se in karriêre as model en aktrise oan 'e gong te krijen.

Bernie Dexter.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By in fotoshoot yn 2002, doe't se 32 jier wie, waard Dexter foar it earst troch fotografe Danielle Bedics fotografearre yn styl fan pin-upgirls út 'e 1950-er jierren. Se stjoerde de fotorige op nei de Viva Las Vegas-pin-upwedstryd, en krige dêr sokke positive reäksjes op, dat se besleat en meitsje fan pin-upmodellewurk har spesjaliteit. Neitiid paste Dexter har uterlik oan om mear op it pin-up-ikoan Bettie Page te lykjen, mei lang, inketswart hier en in byknipte ponny.

Dexter hat posearre foar in skilderij fan Olivia De Berardinis, in keunstneresse dy't bekendstiet om har op Bettie Page ynspirearre keunst en kalinders. Hja skildere Dexter mei blûn hier. Yn 2009 begûn Dexter fierders har eigen kleankolleksje te ûntwerpen, yn in styl dy't weromgrypt op 'e 1940-er en 1950-er jierren.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dexter is troud mei Levi Dexter, dy't yn 'e santiger jierren lead-sjonger wie fan 'e rockabilly-band Levi and the Rockrats. Hy is tsjintwurdich de fotograaf fan syn frou. Dexter en de man wenje yn 'e stêd Portland, yn Oregon.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan Bernie Dexter

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.