Berjocht oerlis:NLf
Dûbeld
[boarne bewurkje]Is dit berjocht net dûbeld mei Berjocht:NEDf? @Kneppelfreed, Wat is it ferskil tusken NLf en NEDf? FreyaSport (oerlis) 19 nov 2022, 20.31 (CET)
- Hoi @FreyaSport, ja it is in dûbelden ien. Ik wist net dat NEDf bestie, dus hie ik NLf lêsten oanmakke. Dus beide kinne brûkt wurde. Kneppelfreed (oerlis) 19 nov 2022, 21.21 (CET)
- @Kneppelfreed Dat kin ris in kear barre. Der is in list dêr't dizze flaggen op steane.
- Die kinne jo fine ûnder Wikipedy:List fan berjochten Flagge mei Lân-oantsjutting, der is ek noch in list fan flaggen mei nasjonaliteitsoantsjutting. Wikipedy:List fan berjochten Flagge mei Nasjonaliteit-oantsjutting.
- FreyaSport (oerlis) 19 nov 2022, 21.31 (CET)
- Hartstikke moai. Ik wist net dat der sa'n list bestie, mar dat sil tige helpe. Tige tank. Kneppelfreed (oerlis) 19 nov 2022, 21.59 (CET)
@FreyaSport en Kneppelfreed: Goeie. Ik haw dizze list en noch in pear oaren omneamd ta "Wikipedy:List fan huppeldepup". Sokke listen haw ik hielendal neat op tsjin (krektoarsom), mar it binne ynterne helpmiddels dy't net bedoeld binne foar algemiene 'konsumpsje' troch de lêzers fan 'e Wikipedy. Troch "Wikipedy:" foar de titel te setten, bliuwt sok spul moai efter de skermen. Mei in titel dy't begjint mei "List fan ..." beskôget it systeem it as in gewoan artikel. As lêzers dan op 'e link "Samar in side" klikke (fuort ûnder "Koartlyn feroare"), kinne se der sa'n list foar krije. Dat is net de bedoeling, liket my. Dat, sadwaande.
Ik haw de âlde nammen fan 'e listen fuortsmiten, mar pas nei't ik alle keppelings omset hie nei de nije namme. Dêrfandinne dat ik ek op jo kladblok west haw, FreyaSport. Dêr hâlde jo net fan, skriuwe jo boppe-oan de side, mar dit wie even út goederbêst. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 nov 2022, 22.49 (CET)