Berjocht:Tema:Fryslân/Op dizze dei/20 oktober
Appearance
- 1797 - Dooitze Eelkes Hinxt, Frysk marine-offisier ferstoarn (* 1741).
- 1878 - Henricus Eskelhoff Gravemeijer, Frysk predikant en politikus berne († 1967).
- 1948 - Op it Hearrenfean tjinnet de earste rjochtsaak tsjin twa molktapers út Aldeboarn, Wiebe van der Hoek en Jeen de Leeuw, dy't oanklage wurde om't se de wurden "molke" en "sûpe" op harren molkbussen skreaun hienen, ynstee fan it wetlik fereaske melk en karnemelk. Dit is de earste oanrin fan it taalskeel dat yn 1951 ta Kneppelfreed liede sil.
- 1952 - Jan Schokker, Frysk skriuwer berne.
- 1955 - Gerben Sonderman, Frysk piloat en fersetsstrider ferstoarn (* 1908).
- 2013 - Jan de Groot, Frysk keatser ferstoarn (* 1922).