Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 44
ABBA wie in almeast yn it Ingelsk sjongende Sweedske band dy't yn 1972 foarme waard troch sjongsters Agnetha Fältskog en Anni-Frid Lyngstad, gitarist en sjonger Björn Ulvaeus en pianist en sjonger Benny Andersson. De namme bestiet út 'e inisjalen fan 'e foarnammen fan 'e leden. De muzyk fan ABBA kin kwalifisearre wurde as popmuzyk, poprock en disko. De band krige ynternasjonale bekendheid troch it winnen fan it Eurofyzjesongfestival fan 1974 mei it liet Waterloo.
Neitiid groeide ABBA út ta ien fan 'e meast kommersjeel súksesfolle formaasjes út 'e skiednis fan 'e popmuzyk, dy't fan 1974 oant 1982 yn in protte lannen allegeduerigen boppe-oan yn 'e hitlisten stie mei wiidferneamde hits as Dancing Queen, Money, Money, Money, Knowing Me, Knowing You, The Name of the Game, Take a Chance on Me, The Winner Takes It All, Mamma Mia, Super Trouper, One of Us, Happy New Year, Thank You for the Music en The Day Before You Came. Neffens guon skattings waarden der wol 500 miljoen platen fan ABBA ferkocht. It wie de earste band út in net-Ingelsktalich lân dy't oanhâldend súkses yn Ingelsktalige wrâld hie.
Nei't ABBA ein 1982 útinoarfallen wie, waard it wurk fan 'e band fan 1989 ôf op 'e nij útbrocht, mei nije populariteit ta gefolch. Der waarden in musical (Mamma Mia út 1999) en twa films (Mamma Mia! út 2008 en Mamma Mia! Here We Go Again út 2018) omhinne makke. De muzyk fan ABBA is oant hjoed de dei tige by tige populêr yn hast de hiele wrâld. Yn 2021 brocht de band nei fjirtich jier wer in nije album út.