Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 26

Ut Wikipedy

Abdûlazyz ibn Saûd (folút: Abdûlazyz ibn Abdûl Rachman ibn Faisal ibn Toerki ibn Abdûlla ibn Mohammed al-Saûd; Arabysk: عبد العزيز بن عبد الرحمن بن فيصل بن تركي بن عبد الله بن محمد السعود; sekuerdere transliteraasje: ‘Abd al-‘Azīz ibn ‘Abd ar-Raḥman ibn Fayṣal ibn Turkī ibn ‘Abd Allāh ibn Muḥammad al-Sa‘ūd; Ar-Riaad, 15 jannewaris 1876 – Tayf, 9 novimber 1953) wie rom fyftich jier lang it haad fan it Hûs fan Saûd, en boppedat de grûnlizzer en earste kening fan Saûdy-Araabje. Yn 'e Arabyske wrâld stiet er ornaris bekend as Abdûlazyz of as de Liuw fan de Nêzjd, en dêrbûten as Ibn Saûd.

Yn 1902 sette Ibn Saûd mei syn werovering fan 'e stêd Ar-Riaad, it foarâlderlike thús fan syn famylje, de earste stap op in paad dat ta trije desennia fan oanhâldende ekspânsje op it Arabysk Skiereilân liede soe. Yn 1922 konsolidearre er syn hearskippij oer de Nêzjd, it woastinige binnenlân, en yn 1925 ferovere er it keninkryk fan 'e Hidjas, oan 'e westkust. Yn 1932 foege er dy beide keninkriken gear ta de nije steat Saûdy-Araabje. Yn 'e tweintich jier dêrnei hied er sizzenskip oer de ierste oalje-eksploitaasje yn syn lân. Ibn Saûd hie 45 soannen, wêrûnder de seis Saûdyske keningen dy't nei him regearren.

Lês fierder