Berjocht:Side fan de wike 2014/wike 43
De Canterbury Ferhalen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Canterbury Tales, is in samling fan 23 koarte ferhalen mei in ramtfertelling dêromhinne, dat it (ûnfoltôge bleaune) masterwurk foarmet 'e Midsiuwske Ingelske dichter, skriuwer, filosoof, algemist en astronoom Geoffrey Chaucer (1343-1400). It is oan 'e ein fan 'e fjirtjinde iuw skreaun yn it Midingelsk en bestiet grutdiels út fersen, al binne twa fan 'e ferhalen yn proazafoarm. The Canterbury Tales ferhelje oer groep pylgers dy't mei-inoar fan Southwark, by Londen, nei de skryn fan 'e hillige Thomas Becket, te Canterbury, reizgje en inoar ûnderweis ferhalen fertelle. Chaucer brûkte de ferhalen om in maatskippijkritysk byld fan it doetiidske Ingelân te jaan; dêrby falt benammen syn iroanyske beskriuwing fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke op. De Fryske oersetting fan Klaas Hoekstra kaam út yn 2010.