Benediktynsk kleaster Sankt Johann
|
It Kleaster Sankt Johann (Retoromaansk: Claustra Son Jon; Dútsk: Kloster St. Johann) is in benediktynsk kleaster yn Müstair yn 'e Münsterdelling fan it Switserske kanton Graubünden. It is in tige goed bewarre bleaun midskiuwsk kleaster út de Karolingyske tiid en is yn 1983 oan 'e list fan it wrâlderfskip fan UNESCO tafoege.
Patroanhilligen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kleastertsjerke is oan Jehannes de Doper wijd. De Hillichkrúskapel (Heiligkreuzkapelle), mooglik in priveekapel fan 'e abt, tsjinne ta de ferearing fan it Wiere Krús. In noch oare kapel draacht it patrosinium fan Sint-Ulrik en Sint-Nikolaas.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de oerlevering is it kleaster stifte troch Karel de Grutte. Syn libbensgrutte midsiuwske byld stiet yn 'e kleastertsjerke tusken de middelste en súdlike apsis. It waard yn 'e tiid fan 'e Karolingyske feroverings fan 'e gebieten fan 'e Longobarden (774) en de Bajuwaren (778) oprjochte. It âldste hout fan 'e tsjerke datearret neffens dendrogronologysk ûndersyk út likernôch 775, in jier nei de oermastering fan Lombardije.
Foar de keizer hie it kleaster in strategytske betsjutting foar de kontrole fan 'e inoar krusende ferkearspaden. Dêrnjonken tsjinne it foar reizgers en pylgers as ûnderkommen, foar de biskop as bestjoerssit en fansels as plak fan godfruchtich libben. Alhoewol't it kleaster ferneamd waard nei Jehannes de Doper, waard it gewoanwei as Monasterium oantsjut, dêr't de hjoeddeiske retoromaanske namme Müstair fan ôflaat is. Oarspronklik wie it in kleaster foar muontsen, mar sûnt de 12e iuw is it in nonnekonvint.
Bouskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oan 'e yngong fan it tsjerkhôf stiet de twa ferdjippings tellende Hillich Krúskapel. It koer ûntstie yn 'e 8e iuw, dat troch de dendrogronologyske datearing fan 'e noch dragende flierbalken fan 'e boppeferdjipping fêststeld wurde koe. Dêrmei is it balkeplafond it âldste fan Jeropa. De benedenferdjipping tsjinne eartiids as bientsjekou, wylst de boppeferdjipping nei alle gedachten de romte wie om 'e deaden te betinken.
Sintraal yn it kompleks stiet de fan oarsprong Karolingyske kleastertsjerke. De tsjerke waard yn 775 ynearsten as ienfâldige sealtsjerke mei trije apsissen en in flak balkeplafond boud. De muorren waarden mei fresko's beskildere. It ferhege koer waard mei in moarmeren stek fan 'e tsjerke skieden. Trije finsters yn 'e apsissen, trije westlike finsters en twa heechlizzende finsters yn it skip fan 'e tsjerke moasten de romte ferljochtsje.
Oan it haadskip waard oan 'e noardlike en súdlike kant in leger sydskip tafoege, dy't elk in eigen, fan 'e tsjerkeromte ôfskate apsis hiene. Sadwaande krige de tsjerke in hast fjouwerkante plattegrûn mei fiif apsissen. Oan 'e eastlike kant is noch de bounaad te sjen, dy't de oarspronklike hichte fan it dak oanjout en dêr't letter it hoeddeiske goatyske dak oerhinne boud waard. Op in beskaat stuit waarden de Karolingyske fresko's yn 'e tsjerke oerkalke. Yn 1492 waard in goatysk netferwulft likernôch in meter leger as it houten plafond ynbrocht, sadat in diel fan 'e fresko's achter it muorrewurk fan if ferwulft skûl giet. De ynbou fan in ferwulft makke ek dragende pylders nedich. Sa waard de oarspronklike seal in trijeskippige halletsjerke. De fresko's waarden yn 1947 wer ûntdutsen en oant 1951 bleatlein.
Fresko's
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fresko's foarmje wat skaal en keunstsinnichheid oanbelanget in unyk ier-midsiuwsk monumint. De 135 ôfsûnderlike foarstellings bleaune, nettsjinsteande it ferskate kearen oerkalkjen, goed bewarre oant se yn 'e 19e iuw op 'e nij ûntdutsen waarden. In foarstelling út it libben fan kening David, dy't as in oaninoar sletten stripferhaal om 'e hiele tsjerke gyng, waard yn 1908-1909 ferwidere en nei it Schweizerische Landesmuseum yn Zürich oerbrocht. De oare fresko's waarden yn 'e jierren 1947 oant 1951 tefoarskyn helle.
Ien fan 'e bekendste foarstellings is de Flecht nei Egypte. Trije oare foarstellings yn 'e apsissen litte Kristus sjen as stifter fan 'e Tsjerke, hearsker, learaar en oerwinner. In oar (romaansk fresko (± 1200)) yn 'e middelste apsis stelt it Miel fan Herodes foar; te sjen is ûnder oaren de dûnsjende Salomé dy't de holle fan Jehannes, de patroanhillige fan 'e tsjerke, oanrikket.
De ûnbekende skilder fan 'e Karolingyske fresko's wurdt yn 'e keunstskiednis fakentiden as de "Master fan Müstair" oantsjut.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kapel.
-
Jehannes de Dopertsjerke.
-
Goatysk netferwulft.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Benediktinerinnenkloster St. Johann
|