Springe nei ynhâld

Beetstra

Ut Wikipedy

De namme Beetstra is ôflaat fan 't doarpke Ald Beets yn Opsterlân. 'Beetstra' (Beets-stra) betsjuttet eins: 'Hy út Beets'.

Yn 1811, by de ynstelling fan de boargelike stân, moast eltsenien in efternamme hawwe. In Wytse Ridserts (1 oktober 1777, Olterterp - 13 novimber 1851, Dearsum) út Lippenhuzen hat doe de namme Beetstra registrearje litten.

It ferbân mei Beets, of mei Beetstersweach, is oannimlik mar net dúdlik. Lippenhuzen en Beets binne doarpen yn Opsterlân, net fier út elkoar mar sûnder in direkt ferbân. It is al mûglik dat Beetstra tein wie yn Beetstersweach: yn alle gefallen is syn heit, Ridsert Sybrens Aardema yn 1817 dêr ferstoarn.
In oare mooglikhyd is dat Wytse yn Beets nei tsjerke gong, Lippenhuzen foel yn die tiid ûnder de tsjerke fan Beets.

De namme Beetstra komt hjoed-de-dei foaral foar yn Fryslân, dêr't dy syn oersprong hat, mar der wenje ek een oantal yn Limburch en yn it westen fan Nederlân. Yn it bûtenlân binne der in protte Beetstras: yn Kanada (British Columbia en Quebec) en yn Amearika (ûnder oaren Wiskonsin, Illinois, Floarida).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]