Beda
Beda of Baeda, byneamd Venerabilis ('de earbiedwurdige') (Northumbria, 672 of 673 - Jarrow, 25 maaie 735) wie in Ingelske muonts, bibellearde en skiedskriuwer. Hy waard yn 1899 troch paus Leo XIII as tsjerkelearde erkend. Syn fiering troch de Roomske Tsjerke falt op 25 maaie.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens eigen sizzen kaam Beda sân jier âld al te wenjen by de Benediktinen yn it kleaster fan Wearmouth. Hy brocht dêr it grutste part fan syn libben troch. Doe't er 19 jier âld wie, waard er diaken en alve jier letter waard er ta pryster wijd.
In grut part fan syn libben spandearre er oan stúdzje, skiedskriuwerij en bibelûnderrjocht. Hy helle in soad kennis út de bibel en de skriften fan de tsjerkelieders. Beda beskikte oer in soad kennis fan de Latynske taal en koe him der goed yn uterje. Fierders koe er in bytsje Gryksk en Hebriuwsk. Hy wurdt beskôge as in learde mei in soad kanten, dy't him op it mêd fan de tsjerkeskiednis tige ferstsjinstlik makke hat.
Wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn bekendste wurk is Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum (Tsjerklike skiednis fan it Ingelske folk), dêr't Beda de (tsjerke)skiednis fan it Angelsaksyske folk yn beskriuwt fan de tiid fan Caesar oantenmei it jier 731. Dat wurk is fan grut belang foar ús kennis oer it politike en deistige libben út syn tiid. Ek foar ús Fryske skiednis foarmet it in boarne. Troch him witte wy dat Aldgillis in kening wie en net ûnderhearrich oan it Frankyske ryk. Foar Fryslân is Beda ek fan belang troch syn skriuwen yn de Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum as er yn diel 1,15 skriuwt oer de Angelsaksyske ynvaazje en Hengist en Horsa. Yn 2013 ferskynde in Fryske oersetting fan in tal fragminten út Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum fan de hân fan Klaas Bruinsma.
Fierders hat hy twa hânboeken opsteld foar de tiidrekkening yn de Tsjerke: it Liber de temporibus en De temporum ratione. Dizze wurken oer kronology hie grut gesach yn de Midsiuwen. Fan grut skiedkundich belang is syn wurk oer de peaskesyklus, oan de hân hjirfan koene alle takomstige Juliaanske datums fan Peaskesnein fêstlein wurde. Beda skreau ek in natuerwittenskiplik wurk: De natura rerum (Oer de natoer fan de dingen). Wat opfalt yn dit boek is dat Beda skreau dat de ierde rûn wie as 'in spylbal' en net as 'in skyld'. Fierders skreau er foar syn learlingen ferhannelings oer de spraaklear. Oar skiedkundich wurk binne biografyen fan de abten fan de kleasters fan Wearmouth en Jarrow, en oer it libben fan Sint Cuthbert fan Lindisfarne.
Syn lêste wurk, dat pas foltôge waard op syn stjerbêd, wie in oersetting yn it Angelsaksysk fan it Evangeelje nei Jehannes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Beda. |
- Ingelsk mûnts
- Ingelsk skiedkundige
- Ingelsk teolooch
- Ingelsk dichter
- Ingelsk oersetter
- Bibeloersetter
- Kronykskriuwer
- Hagiograaf
- Midsiuwsk skriuwer
- Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne
- Tsjerkehistoarikus
- Tsjerkelearaar
- Ingelsk hillige
- Angelsaksysk persoan
- Benediktyn
- Roomsk-katolyk hillige
- Anglikaansk hillige
- Eastersk-otterdoks hillige
- Eastersk-katolyk hillige
- Persoan berne yn 672
- Persoan berne yn 673
- Persoan stoarn yn 735