Lindisfarne

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Holy Island (1866)
Kastiel Lindisfarn
De daam nei it eilân by foltij

Lindisfarne, ek 'Holy Island (of Lindisfarne)' ('Hillich eilân'), (Gaelysk: Le'n Dis fearann: 'Lân mei God') is in tij-eilân foar de noardeast kust fan Ingelân, likernôch op de hichte fan Berwick-upon-Tweed, en ek de namme fan in kleaster en kastiel op dat eilân. It eilân is mei in daam ferbûn mei it fêste lân, Northumberland, dy't by heech tij ûnderstrûpt.

Lindisfarne mjit fan east nei west 4,8 km en fan noard nei súd 2,4 km. Yn maart 2011 hie it eilân 180 ynwenners.

Yn de rin fan de 20e iuw naam it toerisme stadichoan ta en waard it in populêre bestimming fan foaral deitoeristen en fûgeltsjeminsken. In grut part fan it eilân en de by leech wetter droechfallende binne in natuerreservaat (Lindisfarne National Nature Reserve).

Kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Holy Island of Lindisfarne wie in wichtich sintrum fan it Keltysk kristendom ûnder de hilligen Aidan fan Lindisfarne, Cuthbert, Eadfrith fan Lindisfarne en Eadberht fan Lindisfarne.

It kleaster, Lindisfarne Priory, waard om 635 stichte troch de Ierske muonts Aidan fan Lindisfarne, dy't fan it eilân Iona kaam. It kaam yn de 7e iuw ta bloei, mar op 8 juny 793 ferskynde in lytse float Wytsingen (nei alle gedachten út Denemarken wei) foar it kleastereilân en yn in koart skoft tiid waard de abdij leechrôve. Dy net earder sa meimakke en grouwelige oanfal op in kleastermienskip sûnder ferwar feroarsake in skok yn kristelik Europa. It kleaster waard noch ferskate kearen oanfallen yn de 9e iuw. Underwilens wie sawat hiel Europa deabenaud de Noarmannen. Yn 875 flechten de muontsen mei it lichem fan de hillige Sint Cuthbert nei it fêstelân, dêr't se it hjoeddeiske Durham stichten. Yn 1093 waard mei it oerbliuwende materiaal fan it kleaster in benediktine-abdij boud, dêr't no noch in ruïne fan oerbleaun is.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de súdeasthoeke fan it eilân leit Lindisfarne Castle op in steile klif, in lyts kastiel út 1550 dat yn 1903 troch arsjitekt Edwin Lutyens restaurearre waard en as wenning ynrjochte waard yn de Arts and Crafts-styl. Fan it 11e-iuwske Benediktinekleaster binne allinne noch ruïnes oer. It eilân hat teffens twa fjoertuorren, Guile Point East en Heugh Hill, en in beaken fan wite bakstien foar it stypjen fan it navigearjen fan skippen.

Lindisfarne-evangeelje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lindisfarne is ek foaral bekend fan het Lindisfarne-evangeliarium (it Lindisfarne-evangeelje), in tige ryk yllustrearre hânskrift út de achtste iuw. It Lindisfarne-evangeliarium wurdt bewarre yn de British Library yn Londen.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]