Jarrow
Appearance
Jarrow is in stêd yn it Ingelsk distrikt South Tyneside, yn it Ingelske greefskip Tyne and Wear. It plak telt 27.000 ynwenners. Jarrow leit oan de rivier de Tyne en foarmet in yndustry- en havenstêd. Yn de 1e iuw stie hjir in Romeinsk fort, dat yn de 5e iuw opnij bewenne waard troch Angelsaksen. Om 750 waard it plak foar it earst yn de annalen beskreaun as Gyruum.
Tusken 672/673-732 libbe yn it kleaster fan Jarrow de Angelsaksyske muonts Beda.
Jarrow is it berteplak fan de Ingelske muzikant John Miles