Springe nei ynhâld

Bauke Schuurer

Ut Wikipedy
Bauke Schuurer
politikus
nasjonaliteit Nederlân
bertedatum29 oktober 1898
berteplakMakkingea
stjerdatum6 juny 1980
stjerplakIt Hearrenfean
etnisiteit Frysk
Gemeentesekretaris fan Utingeradiel
amtsperioade1938 - 1963
Boargemaster fan Drylts (wnd.)
amtsperioade1963 - 1964
foargongerJohan Cavaljé
opfolgerBendiks Cazemier
Boargemaster fan Flylân (wnd.)
amtsperioade1966 - 1967
foargongerAdriaan Anker
opfolgerGerrit Rombout

Bauke Schuurer (Makkingea, 29 oktober 1898It Hearrenfean, 6 juny 1980) wie in Frysk amtner en politikus.

Hy waard berne yn Makkingea as soan fan Johannes Schuurer (1866-1953) en Kornelia Meek (1868-1926). Hy gie begjin 1920 te wurkjen by de gemeentesekretary fan Utingeradiel, wie dêr letter kommys fan de sekretary en folge yn april 1938 A. Groeneveld op as gemeentesekretaris fan Utingeradiel. Schuurer ferfolle dy funksje oant er yn novimber 1963 mei pinsjoen gie. Justjes dêrnei wie er hast in heal jier waarnimmend boargemaster van Drylts en fan novimber 1966 ôf wie er fjouwer moanne waarnimmend boargemaster fan Flylân. Om 1970 ferhuze er nei in fersoargingsflat op It Hearrenfean dêr't er yn 1980 yn 'e âldens fan 81 jier ferstoar.