Springe nei ynhâld

Basilica di San Francesco (Assisi)

Ut Wikipedy
Sint-Fransiskusbasilyk
Basilica di San Francesco
Lokaasje
lân Itaalje
regio Umbrje
provinsje Perugia
plak Assisi
adres Via San Francesco, 2
koördinaten 43°4'N 12°36'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Fransiskus fan Assisi
status basilica minor
Arsjitektuer
boujier 1228-1253
boustyl gotyk; romaanske toer
Webside
Side Fransiskusbasilyk
Kaart
Basilica di San Francesco (Itaalje)
Basilica di San Francesco
Assisi, de Basilyk fan San Francesco en oare Fransiskaanske Gebieten
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 990
kritearia (i)(ii)(iii)(iv)(vi)
ynskriuwing 2000
gebiet 14.563,25 ha
buffersône 4.086,7 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Basilica di San Francesco (Basilyk fan Sint-Fransiskus) is in basilica maior fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. De basilyk stiet yn 'e Italjaanske stêd Assisi en foarmet de grêftsjerke fan Sint-Fransiskus, de stifter fan 'e oarder fan 'e minderbruorren.

De basilyk bestiet út in romaanske beneden- en in goatyske boppetsjerke en waard yn 1253 foltôge. De klokketoer is romaansk en datearret fan 1299. Under de tsjerke leit de krypte, dêr't de hillige Fransiskus begroeven is.

Tombe fan Sint-Fransiskus.

Nei it ferstjerren fan Fransiskus waard de muonts begroeven yn 'e San Giorgio yn Assisi. Twa jier letter ferklearre paus Gregoarius IX yn dy tsjerke de muonts hillich. Ien fan 'e muontsen, Elias, krige opdracht in basilyk te bouwen, dêr't de hillich ferklearre Fransiskus in lêste rêstplak fine soe. Nei alle gedachten waard al yn 1227 mei it grûnwurk begûn, dat fanwegen de lokaasje op 'e steile helling fan 'e Monte Subasio nedich wie. Paus Gregoarius IX lei op 17 july 1228 persoanlik de earste stien foar de tsjerke, ien dei nei de hillichferklearring fan Fransiskus.

Op 25 maaie 1230 waard it lichem fan 'e muonts op 'e nij begroeven yn 'e tsjerke. Fanwegen benaudens foar ûnthilliging en hannel yn reliken fûn de bysetting fan Fransiskus yn it geheim plak en waard ûnder de krusing fan 'e tsjerke in ferburgen rotsgrêf makke. Pas yn 1818 waard it grêf fan de hillige ûnder it alter fan 'e benedentsjerke wer ûntdutsen, bleatlein en tagonklik makke.

De benedentsjerke waard yn 'e jierren nei de bou troch de bêste keunstners út dy tiid dekorearre mei fresko's, lykas Simone Martini, Pietro Lorenzetti en Giotto. Cimabue tekene foar in ferneamd skilderij fan Fransiskus.

Fuort nei de foltôging fan 'e benedentsjerke waard de boppetsjerke boud. Oan 'e muorren fan it tsjerkeskip binne fresko's fan Giotto oer it libben fan Sint-Fransiskus te sjen. Dêrnjonken binne der fresko's fan Cimabue en Jacopo Torriti. Yn 1253 wijde paus Innosintius IV it hiele bouwurk yn. Paus Benediktus XIV joech de tsjerke de status fan patriarchale basilyk.

Oft de tsjerke fanôf it begjin mei in boppe- en benedentsjerke pland wie of dat geande de bou dat idee ûntstie is net alhiel dúdlik. Oan 'e tsjerke is it oanbuorjende kleaster Sacro Convento ferbûn, it sintrum fan alle Fransiskaanske kleasters.

Yn 'e moarn fan 26 septimber 1997 waard de regio troffen troch twa ierdskoddings fuort efterinoar; ien fan 5.6 en ien fan 6.1 op 'e Skaal fan Richter. De ierdskoddings brochten grutte skea en in soad âlde monuminten waarden ferneatige of skeind. Doe't in groep spesjalisten de skea fan 'e basilyk opnamen en in neiskok it gebou skodzjen die, stoarte in diel fan it ferwulft yn. Twa Fransiskaanske muontsen dy't mei de groep yn 'e basilyk wiene kamen mei noch twa spesjalisten by de ramp om it libben. De fresko's fan 'e syklus fan Sint-Fransiskus fan Giotto yn de boppetsjerke waarden licht skeind, mar dy fan it ferwulft wiene yn grús feroare en moasten allegear wer byinoar socht wurde foar de rekonstruksje fan it ferwulft. De tsjerke bleau twa jier ticht foar de rekonstruksje. Fan it ynstoarten fan it ferwulft binne opnames makke.

Ofbylden Fransiskus-syklus fan Giotto yn 'e boppetsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Basilica di San Francesco (Assisi) fan Wikimedia Commons.