Springe nei ynhâld

Bartoloméuskapel (Paderborn)

Ut Wikipedy
Bartoloméuskapel (Paderborn)
Lokaasje
lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
plak33098 Paderborn
adresAm Ikenberg
koördinaten51° 43' N 8° 45' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomPaderborn
patroanhilligeBartoloméus
Arsjitektuer
boujier1017
Kaart
Bartoloméuskapel (Noardryn-Westfalen)
Bartoloméuskapel

De Bartoloméuskapel (Dútsk: Bartholomäuskapelle) yn 'e Westfaalske stêd Paderborn waard yn 1017 boud en is de âldst bekende halletsjerke noardlik fan 'e Alpen.

Ynterieur.

De oan 'e apostel Bartoloméus wijde kapel stiet yn it sintrum fan 'e binnenstêd oan 'e noardlike kant fan 'e domtsjerke fan Paderborn, dêr't de kapel by heart. Fuortendaliks by de kapel stiet ek it museum, dat ûnderbrocht is yn 'e eardere palts fan Paderborn.

De Bartoloméuskapel wie as paltskapel ûnderdiel fan 'e nijbou fan 'e keningspalts. De Paderborner biskop Meinwerk (1009–1036) liet de kapel yn 1017 troch betûft Byzantynsk boufolk delsette, dy't ek de unike ferwulften bouden. De kapitelen fan 'e dragende pylders binne wichtige fertsjintwurdigers fan Ottoanske boukeunst.

De kapel is de tiid goed troch kommen en waard sûnt 1963 yn 'e oarspronklike steat werom brocht. De Bartoloméuskapel is ien fan 'e belangrykste keunsthistoaryske bouwurken fan Paderborn.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Bartholomäuskapelle (Paderborn)