Springe nei ynhâld

Barnaûl

Ut Wikipedy
Barnaûl
Барнау́л
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Ruslân
Kraj Altai
Stedsyndieling5 distrikten
Sifers
Ynwennertal620.419 (2024)
Oerflak322,01 km²
Befolkingsticht.1926,71 ynw./km²
Stêdekloft852.699 ynwenners
Hichte180 m
Oar
Stifting1730
stêd sûnt 1771
Postkoade656xxx
Tiidsône(UTC+7) MSK+4
Koördinaten53°20'N 83°46'E
Offisjele webside
www.barnaul.org
Kaart
Barnaûl (Ruslân)
Barnaûl

Barnaûl (Russysk: Барнау́л) is in stêd yn 'e Russyske Federaasje. De stêd is de haadstêd fan 'e kraj Altaj en leit oan 'e Ob, de langste rivier fan it lân.

Barnaûl heart by de âldere stêden fan Sibearje. De stêd waard yn 1730 stifte as in kozakkefort.

Offisjeel wurdt it jier 1730 beskôge as it stiftingsjier fan 'e stêd, mar it jier 1739 is dokumintearre dat de ûndernimmer Akinfi Demidov in koperranerij oan 'e mûning fan 'e Barnaûlka yn 'e Ob bouwe liet, dêr't de stêd om hinne groeide. De koperranerij stie tichteby de rivier, sadat it transport fan 'e masines en it ferfier fan it koper maklik wie. Dêrnjonken wie tichteby ek bosk dat brânstof levere. Sa ûnstie it earste yndustriële sintrum fan Sibearje.

Koperranerij Barnaûl, healwei de 19e iuw.

Doe't in pear jier letter sulvererts yn it Altaiberchtme fûn waard, ûnstie yn Barnaûl in ranerij foar sulver. Yn dy tiid levere de regio 90% fan al it sulver yn Ruslân. Katarina de Grutte liet de yndustry fan Barnaûl ûnteigenje en hja nasjonalisearre de stêd as sulversintrum fan it ryk.

Sûnt 1771 wie de stêd de twadde mynstêd fan Ruslân. De stêd hie dêrmei spesjale privileezjes, lykas it rjocht om sels jild út te jaan. De ôfskaffing fan it liifeigendom en it útputten fan 'e natuerlike helpboarnen laten yn 1893 ta it sluten fan 'e sulverranerij.

Sûnt it begjin fan 'e 20e iuw ûtwikkele de stêd him as kommersjeel sintrum. Yn 1902 waard foar de hannel in ferbining troch it Altaiberchtme nei Mongoalje iepene. De ekonomy krige in fiedere oantrún troch de oansluting op it spoar Turkestan-Sibearje.

In grutte stedsbrân ferneatige de stêd yn 1917. De weropbou, dy't troch de Russyske boargerkriich net eine, fûn plak as in túnstêd mei in soad grien.

Stedsdûma fan Barnaûl.

Yn 'e jierren 1920-1940 ûntwikkele Barnaûl him neffens de prosessen fan yndustrialisaasje en kollektivaasje. In soad ynwenners fan doarpen ferhûzen nei de stêd, dy't in sintrum waard fan 'e agro-yndustry. Yn 1932 waard de grutste tekstylfabryk fan West-Sibearje yn Bernaûl boud. Doe't de kraj Altai yn 1937 stifte waard, waard Barnaûl oanwiisd as de haadstêd fan it distrikt.

Nei de Dútske ynvaazje yn 1941 ferhûzen likernôch 100 bedriuwen út Moskou, Leningrad, Odessa, Charkov en oare troch de Dútsers bedrige stêden nei de Barnaûl. Likernôch de helte fan 'e patroanen dy't it Reade Leger brûkte, waard yn in masinefabryk fan Barnaûl produsearre.

Nei de kriich groeide de stêd fierder en yn noardlike en noardwestlike rjochting waarden nije stedswiken oanlein. Healwei de jierren 1990 waard ek Barnaûl slim rekke troch de ekonomyske tebekslach. Fan in yndustriëel sintrum ûntwikkele de stêd him nei sektoren as de hannel, tsjinsten, bou en fiedselyndustry.

Under Vladimir Pûtin is de Russyske ekonomy bot groeid, itjinge ek te sjen is oan it grutte tal nijbouprojekten yn Barnaûl. Yn dy tiid waarden de houten gebouwen mei ien ferdjipping yn it sintrum ferfongen troch hege wengebouwen en winkelsintra. Troch in weryndieling yn 2003 wreide it grûngebiet fan de stêd út.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Untjouwing ynwennertal Rûbtsovsk (1840-2022)
Jier1835187918971916193919591970197919892002201020122021
Befolking9.10013.52921.07371.200148.162305.046439.134533.263601.811600.749612.401621.669631.124
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Барнаул