Barend van der Veen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Barend van der Veen (Wergea, 12 maart 1890 - Boarnburgum, 31 desimber 1968) wie in skroar, kapper en lieder fan in toanielgroep.

Op 15 oktober 1913 troude hy mei de 22-jierrige Martsje Wiersma. Se krigen fjouwer bern: Janke, Tjitske, Martsje en Pieter. Spile sûnt 1925 mei syn frou Martsje (Barend en Martsje) en dêrút ûntstie it 'Lyts Frysk Toaniel'. Hjiryn spilen letter ek syn bern mei. Syn frou Martsje wie 51, doe't hja yn 1942 ferstoar. Op 5 augustus wertroude Barend mei Baukje Hoekstra. En ek hja wie belutsen by syn toanielselskip “It Lyts Frysk Toaniel”. In soad súkses hie er mei it stik “De Heidepyk”. It waard oersetten yn it Grinslânsk en it Nederlânsk. Op 16 augustus 1950 siet er 25 jier yn it fak en waard hy mei it spyljen fan de 400ste útfiering fan “De Heidepyk” huldige. Dy jûn, yn in autobusgaraazje yn Balk, waard bywenne troch 1400 minsken.

Simmerdeis trede Barend in soad op mei syn poppekast op skoallen en feesten. Op 19 augustus 1953 joech hy syn 100ste foarstelling. Neist it skriuwen (en oersetten) fan in soad toanielstikken, hat Barend in pear Fryske berneboeken skreaun, wêrûnder "Trije Stiennene Aepkes, hear, sjoch en sprek gjin kwea". Yn syn berteplak Wergea wie hy boppedat bekend as Sinterklaas. In oar bekend toanielstik wie Rispa, dat er tegearre mei Ype Poortinga skreau. Skreau fierders noch romans. Wie propagandist foar kristlik-sosjalisme en hielûnthâlding.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. e.o., Encyclopedie van Friesland, 1958. Veen, Barend van der.
  • Ljouwerter Krante 5, 17 en 18 augustus 1950.