Springe nei ynhâld

Barbara Hofker

Ut Wikipedy

Barbara Hofker (Amsterdam, 1943) is in byldzjend keunstner fan It Amelân. Se slagge foar de foto-oplieding oan de Rietveld Akademy yn Amsterdam. Piet Klaassen wie dêr har learmaster.

Sûnt 1968 wennet se op It Amelân en hat dêr mei har man in hynstehâlderij fan Fryske hynders. Yn 1968 kaam se yn de kunde mei de famylje Oswald fan it Harnzer Ierdewurk- en Tegelfabryk en besleat hja in oplieding tegelskilderjen te folgjen yn Harns. De technyk fan petieleskilderjen is in âlde technyk fan skilderjen op tinglazuer. Sûnt 1993 hat se in atelier yn it "reddingboathuuske" yn Nes.

Underwerpen op har tegels binne faak hynders en oare bisten, mar ek makket se spesjale tegels lykas bertetegels en tablo's. Barbara Hofker makke ûntwerpen foar it keramykfabryk Villeroy en Boch en makke beskildere porsleinen mokken foar de ferkeap.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: