Banner (ynternet)

Ut Wikipedy
In banner fan Wikipedia.

In banner (fan it Ingelske banner, "banier"), ek wol in ynternetbanner of in reklamebanner neamd, is in grafyske reklame-utering fan ferskate foarmen, dy't ûnderoan of midden op 'e webside stiet. Troch op sa'n banner te klikken wurdt de webside iepene dêr't yn 'e tekst op 'e banner nei ferwiisd wurdt. Deselde namme wurdt ek brûkt foar de paginabrede titel boppe-oan in webside. De earste banner, wêryn't reklame makke waard foar it Amerikaanske telekommunikaasjebedriuw AT&T, waard op 27 oktober 1994 yn gebrûk nommen op 'e webside fan it tydskrift Wired (doe noch HotWired).

In banner bestiet ornaris út in jpeg- gif- of flash-bestân mei standertôfmjittings dy't oarspronklik foar ynternetbrowsers ûntwikkele waarden. Tsjintwurdich wurdt almar mear gebrûk makke fan HTML5-banners, dy't ek sichtber binne op tabletkompjûters en mobile tillefoans. Troch it gebrûk fan kleur en animaasjes wurdt besocht de oandacht fan it publyk te lûken. In soad minsken ûnderfine banners lykwols as steurend.

Websiden dy't reklamebanners hawwe, krije almeast in finansjele fergoeding fan 'e advertearder. Sa'n fergoeding kin basearre wêze op it tal kearen dat in advertinsje toand wurdt (impressions), it tal kearen dat der op in banner klikt wurdt (clicks) of it tal transaksjes dat fuorkomt út banner (leads), bgl. troch in persintaazje fan it transaksjebedrach ôf te dragen. Reklamebanners kinne ek op in webside pleatst wurde sûnder dat dêr in finansjele fergoeding tsjinoer stiet, bgl. as it om goede doelen giet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.