Springe nei ynhâld

Ballerup (gemeente)

Ut Wikipedy
Ballerup
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Haadstêd
boargemaster Jesper Würtzen
sifers en geografy
haadplak Ballerup
ynwennertal 48.295 (2018)
oerflak 33,95 km²
skiednis
oprjochte 1970
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.ballerup.dk

Ballerup is in gemeente yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) op it eilân Seelân (Sjælland) yn it easten fan Denemark. De gemeente leit likernôch 15 kilometer fan it sintrum fan Kopenhagen en beslacht in gebiet fan 33,95 km².

De gemeente Ballerup waard by de weryndieling fan 1970 foarme troch de parochy's Ballerup, Måløv, Pederstrup en Skovlunde gear te foegjen.

Oanbuorjende gemeentes binne eastlik Herlev, noardlik Furesø, westlik Egedal en súdlik Albertslund en Glostrup.

Al sûnt 1933 hat de gemeente in sosjaal-demokratysk bestjoer.

Grutste plakken yn de gemeente
Nr Plaknamme Ynwenners (2010)
1 Ballerup 38.890
2 Skovlunde 12.000

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: