Springe nei ynhâld

Furesø (gemeente)

Ut Wikipedy
Furesø
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regioHaadstêd
boargemasterOle Bondo Christensen
sifers en geografy
haadplakVærløse
ynwennertal40.911 (2018)
oerflak56,81 km²
skiednis
oprjochte2007
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.furesoe.dk

Furesø is in gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente waard by de weryndieling fan 2007 foarme en ûntstie troch gearfoeging fan de eardere gemeentes:

  • gemeente Farum (provinsje Frederiksborg)
  • gemeente Værløse (provinsje Kopenhagen)

Fanwegen de minne ekonomy fan Farum en in grut polityk skandaal mei boargemaster Peter Brixtofte en syn bestjoer hie gjin inkelde gemeente nocht om mei Farum gearfoege te wurden. Værløse en Farum wiene lykwols alletwa te lyts om selsstannich te bliuwen en waarden dêrom troch de polityk twongen ta in fúzje. De nije gemeente krige in finansjele kompinsaasje fan 50 miljoen Deenske kroanen. Tagelyk bleau foar de eardere gemeente Farum in hegere belesting fan krêft dan it diel fan de eardere gemeente Værløse. Yn 2014 kaam der in ein oan it belestingferskil.

Grutste plakken yn de gemeente
NrPlaknammeYnwenners (2010)
1Farum18.631
2Værløse12.729
3Hareskovby3.602
4Jonstrup1.193
5Kirke Værløse1.001
Boarnen, noaten en/as referinsjes: