Springe nei ynhâld

Egedal (gemeente)

Ut Wikipedy
Egedal
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Haadstêd
boargemaster Karsten Søndergaard
sifers en geografy
haadplak Ølstykke
ynwennertal 43.000 (2018)
oerflak 125,87 km²
skiednis
oprjochte 2007
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.egedalkommune.dk

Egedal is in gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente hat in oerflak fan 125,87 km² en in befolking fan likernôch 43.000 (2018) ynwenners.

De gemeente Egedal ûntstie op 1 jannewaris 2007 yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling troch gearfoeging fan:

  • de eardere gemeente Ledøje-Smørum;
  • de eardere gemeente Stenløse;
  • de eardere gemeente Ølstykke.
Grutste plakken yn de gemeente
Nr Plaknamme Ynwenners (2011)
1 Ølstykke-Stenløse 20.665
2 Smørumnedre 9.388
3 Ganløse 2.936
4 Veksø 1.900
5 Slagslunde 938
6 Ledøje 756
7 Tangbjerg 608
8 Buresø 541
9 Søsum 307

De gemeente hiet ynearsten Kongsdal, mar nei beswieren fan de eigner fan it lângoed Kongsdal en ferskate oare partikulieren mei de achternamme Kongsdal is de namme feroare. Egedal waard keazen om't ferskate pleatsen yn de gemeente dy namme hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: