Bad Neuenahr-Ahrweiler

Ut Wikipedy
Bad Neuenahr-Ahrweiler
Bad Neuenahr-Ahrweiler in AW.svg
Lokaasje fan Bad Neuenahr-Ahrweiler (read) yn de lânkring Ahrweiler
Flagge Wapen
Banner Bad Neuenahr-Ahrweiler.svg DEU Bad Neuenahr-Ahrweiler COA.svg
Sifers
Ynwennertal 26.550 (31-12-2021)
Oerflak 63,4 km²
Befolkingstichtens 419 ynw./km²
Hichte 99 m. boppe seenivo
Polityk
Lân Flag of Germany.svg Dútslân
Dielsteat Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
Lânkring Flagge Landkreis Ahrweiler.svg Ahrweiler
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 32' N 7° 6' E
Webside www.bad-neuenahr-ahrweiler.de

Bad Neuenahr-Ahrweiler is in stêd yn de lânkring Ahrweiler yn it noardlike diel fan de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

De stêd Bad Neuenahr-Ahrweiler ûntstie op 7 juni 1969 troch de gearfoeging fan de stêden Ahrweiler en Bad Neuenahr en de gemeentes Gimmigen, Heimersheim, Kirchdaun en Lohrsdorf (Verbandsgemeinde Bad Neuenahr). De gemeente Ramersbach waard op 16 maart 1974 by de stêd yndield.

By in floed fan heechwetter fan de Ahr yn july 2021 nei swiere rein ferlearen 69 ynwenners fan Bad Neuenahr-Ahrweiler it libben. Tûzenen minsken hiene te meitsjen mei oerlêst en njonken minsklik leed rekken in soad gebouwen en in diel fan de ynfrastruktuer skeind, lykas it kasino, de kuergebouwen en it kuerpark en meardere hotels en ek in diel fan it tsjerkhôf oan de Ahrpoarte. Op ien brêge nei waarden alle oare brêgen oer de Ahr troch de floed ferneatige. Ek de oangrinzgjende strjitten rekke slim skansearre.[1][2]

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bad Neuenahr-Ahrweiler wurdt ûnderferdield yn saneamde Ortsbezirke, dy't út ien of meardere Stadtteile bestean. It grutste Stadtteil, Bad Neuenahr, waard yn 1875 út trije gemeenten foarme, dy't oant hjoeddedei ek noch as Ortsteile sjoen wurde.

Ûnderferdieling fan de befolking per 30 juny 2018:

Ortsbezirk Ferdieling Ynwennertal
Ahrweiler Stadtteil: Ahrweiler 7.519
Bachem Stadtteil: Bachem 1.198
Bad Neuenahr Ortsteile: Beul, Hemmessen en Wadenheim 12.888
Gimmigen Stadtteil: Gimmigen 748
Heimersheim Stadtteile: Heimersheim, Ehlingen 3.204
Heppingen Stadtteil: Heppingen 899
Kirchdaun Stadtteil: Kirchdaun 352
Lohrsdorf Stadtteile: Lohrsdorf, Green 730
Ramersbach Stadtteil: Ramersbach 588
Walporzheim Stadtteile: Walporzheim, Marienthal 705

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ahrweiler[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Stadtteil Ahrweiler is de Römervilla in besite wurdich. Hjir binne de bleatleine resten fan in 2e-3e iuwske villa út de romeinske tiid te sjen.

Ahrweiler hat tal fan moaie en goed restaurearre fakwurkhûzen en ek de stedsmuorre bleau goed bewarre. Alle fjouwer poarten (Ober-, Walporzheimer of Gisemer Tor, Nieder- of de Rheintor, Adenbach- of Winzertor en de Ahrtor) binne der noch, lykwols de Adenbachpoarte waard yn 1974 nei 285 jier wer rekonstruearre. Fan de trije midsiuwske wentuorren bleane allinnich de Weiße Turm en de faak ferboude Kolwenturm bewarre.

De katolike Laurentiuskirche oan de Marktplatz is in trijeskepich bouwurk út 1269 oant de iere 14e iuw. Ek oan de Marktplatz stiet it barokke waachgebou, dat út de twadde helte fan de 18e iuw stamt.

Twa fan de sân midsiuwske adelshôven binnen noch jimmeroan te sjen: de Prümer Hof en de Rodderhof.

Oan de Kalvarienbergstraße leit it kleaster fan de Ursilinen. It oarspronklike barokke kleaster waard yn 1897 gruttendiels ferfongen troch neogoatyske bou. De barokke krúswei mei 14 staasjes en in barokke krúsigingsgroep datearje fan 1732.

Bad Neuenahr[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Stadtteil Bad Neuenahr is ferneamd fanwegen de net ûnbelangrike kuerynstellings. Yn it plak tsjûgje tal fan villa's en kuerhotels fan de bloeiperioade fan de opkommende kuerkultuer oan it ein fan de 19e en it begjin fan de 20e iuw. Foarhinne bestie Bad Neuenahr út de trije plakjes Beul, Wadenheim en Hemmessen. Ut dizze tiid datearje noch in oantal bouwurken, wêrûnder bygelyks kapellen en fakwurkhûzen.

Op de rjochter kant fan de Ahr stiet oan de Willibrordusstraße de Willibrorduskirche. De diels let-romaanske tjerke wie eartiids de parochytsjerke fan Wadenheim. Yn de jierren 1899-1901 waard troch de arsjitekt August Menken de Rosenkranzkirche oan de Telegrafenstraße boud. De toer fan dizze tsjerke is 60 meter heech en is byldbepalend foar it stedsbyld. Ek oan de Telegrafenstraße stiet de protestânske Marten Lutherkirche út 1872.

Resten fan in boarch binnen te finen op de Neuenarher Berg, súdlik fan Neuenahr. De boarch waard yn 1372 ferwoastge en op it plak waard yn 1972 in 15 meter hege útsichttoer boud (yn de folksmûle wurdt de toer Langer Köbes neamd). In oare útsichtstoer stiet op de Steckenberg, ek súdlik fan Neuenahr.

Oare Stadtteile[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katolike St. Mauritius oan de Bachstraße yn Heimersheim waard fan ôf de twadde helte fan de 13e iuw oud, yn de jierren 1960-1961 folge ûnder lieding fan de arsjitekt Otto Vogel út Trier de bou fan in oanbou en frijsteande toer. Westlik van Ahrweiler leit tusken in wynbougebiet de yndrukwekkende ruïne fan in eardere kleastertsjerke.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: