Springe nei ynhâld

Broadcast Music, Inc.

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan BMI Country Music Award)
Broadcast Music, Inc.
algemiene ynformaasje
ôfkoarting BMI
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. not-for-profitorganisaasje
wurkmêd behear fan copyright op
muzykstikken
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1939
offisjele webside
bmi.com

Broadcast Music, Inc. (better bekend as BMI) is ien fan 'e trije Amerikaanske not-for-profitorganisaasjes (de oaren binne de ASCAP en de SESAC) dy't it copyright fan muzykstikken yn 'e Feriene Steaten regelje (en dêrmei dus in gelikense funksje hawwe as de BUMA-STEMRA yn Nederlân). De BMI waard oprjochte yn 1939, en is fêstige yn New York. De organisaasje inet betellings foar auteursrjochten fan draaide of útfierde muzyk foar de lietsjeskriuwers, komponisten en muzykútjouwers dy't lid binne fan 'e BMI, en soarget dat sok jild as royaltys oan 'e oangeande leden útkeard wurdt.

Sa ine de BMI yn 2013 mear as $944 miljoen, wêrfan't $844 miljoen yn 'e foarm fan royaltys by de leden telâne kaam (de rest waard brûkt om 'e ûnkosten fan 'e organisaasje sels fan it beteljen). De BMI hat mear as 600.000 leden (wêrûnder Mariah Carey, Fats Domino, Eminem, Lady Gaga, Willie Nelson, Dolly Parton, Shakira en Taylor Swift) en beheart de rjochten op mear as 8½ miljoen muzykwurken. Der binne regionale kantoaren yn Atlanta, Londen, Los Angeles, Miami, Nashville en op Porto Riko. Elts jier rikt de BMI ek in grut tal prizen út om dý leden te earjen fan wa't it foargeande jier de wurken it meast draaid of útfierd binne. Dy prizen binne:

  • de BMI Country Music Awards
  • de BMI Christian Music Awards
  • de BMI Film & TV Music Awards
  • de BMI Latin Music Awards
  • de BMI London Music Awards
  • de BMI Pop Music Awards
  • de BMI Urban Music Awards
  • de BMI Trailblazers of Gospel Music Luncheon

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.