Bûzeman (mytysk wêzen)

Ut Wikipedy
Hjir is de Bûzeman, in print fan Francisco Goya (1797).

In bûzeman,[1] tsjintwurdich miskien bekender ûnder de hollanistyske ynterferinsje boeman, is in mytysk wêzen dat troch folwoeksenen brûkt wurdt om bern bang te meitsjen sadat se dwaan sille wat harren hjitten wurdt. It Fryske wurd "bûzeman" is besibbe oan it Nederlânske boeman, it Dútske Butzemann, it Noarske busemann en it Deenske bøhmand of bussemand.

In bûzeman hat gjin fêststeande uterlike karakteristiken, hoewol't sa'n wêzen oer it algemien foarsteld wurdt as manlik (sa't yn 'e namme besletten leit), mei in rûchwei minsklik lichem. In bûzeman kin in spesifike misdraging fan bern bestraffe, of alderhanne oerhearrich hâlden en dragen, ôfhinklik fan wêr't ferlet fan is. It gebrûk fan 'e bûzeman as berneskrik wie benammen bedoeld om hearrigens oan opleine regels ôf te twingen as der gjin folwoeksenen yn 'e buert wiene om 'e bern yn 'e rekken te hâlden. Der waard dan bygelyks sein dat de bûzeman bern opfrette soe dy't te ticht by in sleat of in saad kamen, sadat bern dêr út 'e buert bleaune en net ferdrinke soene.

Spesifike uterlike skaaimerken fan 'e bûzeman wurde yn guon folkloristyske kennis of folksferhalen wol jûn, mar steane altyd allinne mar regionaal fêst. Sa wurdt de Dútske Butzemann gauris foarsteld as in soarte fan demoanyske kabouter. Der schwarze Mann is in spesifyk soarte fan Dútske bûzeman, dy't him ferstoppet yn tsjustere hoeken en ûnder it bêd fan bern. De bøhmand út Denemark hâldt ek ta ûnder bernebêden en grypt bern dy't net sliepe wolle. Yn Nederlân wurde soartgelikense ferhalen ferteld oer de boeman, dy't fjoerskerpe lange klauwen en slachtosken hawwe soe en ûnder bêden of yn kleankasten tahâlde soe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 152.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.